Gedrachsregels foar dronefleaners dy't boppe it Waad aktyf binne

Der is in gedrachskoade opsteld foar minsken dy't mei in drone fleane wolle boppe it Waadgebiet. Binende regels stean der net yn, it giet om in advys.
De Waadsee by Gryn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Vlieg diervriendelijk, Vlieg natuurbewust, Vlieg sociaal en Vlieg veilig", stelt it Programma naar een Rijke Waddenzee yn de gedrachskoade, mei dêrby tips hoe't je dat dan dogge. De kearn dêrby is: "Respecteer de unieke natuur door voldoende afstand te houden van vogels en zeehonden."
It Programma naar een Rijke Waddenzee docht benammen ek in berop op it sûne ferstân fan de dronefleaner. "In het Waddengebied mag je niet overal met drones vliegen. Maar je zou het, gezien de kwetsbare waarden, ook niet overal moeten willen."
De gedrachskoade, dy't opnaam is yn in digitale flyer, jildt oant juny 2020. Dêrnei feroaret it Europeeske belied foar drones en dat kin ek gefolgen hawwe foar de regels yn it Waadgebiet.