Freedsmerk oer leechheljen lytse gasfjilden: "It betrouwen yn dy minsken is wat fuort"

12 jul 2019 - 14:02

De lytse gasfjilden yn de noardlike provinsjes wurde flugger leechhelle as ôfpraat. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Drenthe, RTV Oost en RTV Noord. Mar wat betsjut dat foar ús? Krije we hjir tastannen as yn Grinslân by Slochteren mei ierdbevingen en skea oan hûzen of falt it wat ta? En wat kinne we der as boargers oan dwaan? Ferslachjouwer Gerrit de Boer frege it de minsken op de freedsmerk.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Ik ha fan 'e moarn yn de krante lêzen dat der wol ierdbevings mjitten binne, mar dat dy dochs lytser binne as dy yn Grinslân", fertelt in frou dy't har der net sa'n soad soargen oer makket. "As der meardere gasfjilden op elkoar lizzen, dan tink ik dat it risiko wol grutter is."

Yn de buert fan Drachten wurdt der ynkoarten in nije laach oanboarre. "As je lêze dat se flugger gas út Drinte en Fryslân helje wolle, omdat der minder út Grinslân helle wurde kin, dan tink ik wol: je moatte sykje nei oare boarnen fan enerzjy."

Sjenswize

In man op de merk is oan de iene kant foar en oan de oare kant tsjin gaswinning. "Ik hoop dat ze doen wat voor hen het beste is." Hy makket him der wol soargen oer. "Over die bodemverzakking maak ik me wel eens zorgen." De man soe wol in sjenswize yntsjinje.

"It is in goede saak", seit wer in oare man. "We moatte ferwaarming hawwe. It moat dochs earne wei komme." Hy makket him gjin soargen oer eventuele fersakkings of ierdbevings. "It falt wol ta."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer op de freedsmerk

Gaswinningbedriuw Vermilion hat dus mear gas út de grûn helle as ôfpraat. Neffens de man moat dat gewoan kinne. "Wat der is, moat je brûke. Dy boaiemskatten binne ús jûn."

Wer in oare man fynt it dan wer in ferkearde saak dat Vermilion him net oan de ôfspraken holden hat. "No binne wy oan bar. Ik wenje sels yn Easterein, dêr hawwe se ek wolris oan it boarjen west. Se sizze dat der neat barre kin, mar dat seinen se fan Grinslân ek. It betrouwen yn dy minsken is wat fuort."

"Ophouden die handel!"

In frou op de merk wit net sa goed wat se derfan fine moat. "Je ziet zoveel rare dingen over Groningen. Ik kan daar niet een zinnig woord over zeggen. Politici weten het altijd mooi te brengen, maar wij zitten met alle last en alle problemen. Ik zou zeggen: ophouden die handel!"

Trefwurden: 
freedsmerk gaswinning
(advertinsje)