Strjitkeunsters beskilderje parkeargaraazje: "Er wordt kleur toegevoegd aan de stad"

12 jul 2019 - 13:58

Parkeargaraazje De Klanderij yn Ljouwert wurdt dit wykein ûnder hannen nommen troch mar leafst fjirtich strjitkeunstners. It is in ûnderdiel fan it projekt Writer's Block, dat ûntstien is yn it kulturele haadstêdjier. Organisator Koen Haringa is entûsjast: "Het is hier nu nog grijs, maar na zondag is het denk ik heel mooi."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferskate gebouwen yn Ljouwert binne it lêste jier opkalfatere mei grutte opfallende kleurrike beskilderings. No wurdt dus in hiele parkeargaraazje fleuriger makke. "Er wordt veel kleur toegevoegd aan de stad", fertelt Haringa.

De fjirtich keunstners ha sels de frijheid om te meitsjen wat se wolle: "Het is met kunstenaars meestal het beste om ze niet te vragen om specifiek iets te maken. We hebben gezegd: bekijk de locatie en maak iets wat aansluit bij de omgeving."

Graffiti heeft vooral onder de oudere generatie een vandalistisch imago, maar dat is allang niet meer zo.

Koen Haringa fan Writer's Block

Guon omwenners wiene yn it foar minder entûsjast oer it projekt. Haringa tinkt lykwols dat se dy soargen foar in grut diel weinaam ha. "Ik snap de angst wel. Dat komt deels uit het feit dat we het hebben over 'graffiti'. Dat heeft vooral onder de oudere generatie een vandalistisch imago", leit er út. "Maar dat is allang niet meer zo. Als organisatie hebben we bewonersbrieven gestuurd, met mensen koffie gedronken om zo de angst te bespreken en weg te halen. Dat is voor een groot deel gelukt."

Net by elkenien, realisearret Haringa him ek. "Maar we geven ze zondag een rondleiding, dat hebben we aangeboden. Ik denk dat ze dan hun mening wel bijstellen. Ik heb er veel vertrouwen in dat het hiervan alleen maar mooier wordt."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De fjirtich keunstners komme fan oer de hiele wrâld. "We zeggen iedere keer dat dit het grootste graffiti-evenement van het noorden is. Misschien is het ook wel het grootste van heel Nederland, maar dat weten we niet zeker. Maar in een weekend een jam met veertig artiesten, dat gebeurt niet zo vaak", wit Haringa.

Ien fan de keunstners komt út Spanje. "Ik begjin hjoed mei allinnich de earste linen", fertelt er. "It wurdt in ûle. Ik tink dat it goed is om bisten te meitsjen by dit evenemint. Ik bin bliid dat we hjir binne, moai om mei allegear artysten mei ferskate stilen gear te wurkjen."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy by De Klanderij

(advertinsje)