Cambuur leit ferdigener Schouten definityf fêst

Erik Schouten bliuwt definityf by Cambuur. De sintrale ferdigener docht al in skoftke op proef mei de seleksje mei. De Ljouwerters binne oertsjûge en lizze Schouten dêrom no foar twa seizoenen fêst.
Erik Schouten
Schouten is 27 jier en spile de ôfrûne seizoenen foar FC Volendam. Foar dy klup spile er goed 150 wedstriden. Earder siet er yn de jeugd fan AZ en yn dy perioade hat er ek spile foar jeugdteams fan it Nederlânsk alvetal.

Stabyl en betrouber

Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, is der bliid mei dat Schouten bliuwt: "Hij stond al een tijdje bij ons op de radar", seit er op de klupwebside. "We kennen zijn kwaliteiten als een stabiele en betrouwbare kracht. Hij is een slimme en ervaren verdediger die bovendien tweebenig is. We zijn dan ook blij dat hij voor ons heeft gekozen."
Cambuur begjint op 9 augustus offisjeel oan it nije seizoen. De Ljouwerters spylje dan út tsjin De Graafschap.