Nije slinke op it Noarderleech liket posityf effekt te hawwen op tal fûgels

12 jul 2019 - 12:53

In briedkoloanje kobben, briedende kluten en behoarlike oantallen leppelbekken dy't der komme te fretten; de nije slinke fan it gemaal De Heining dy't by Fiifhuzen troch it Noarderleech nei it Waad rint, liket in boppeslach te wêzen foar de natuer yn it gebiet. Ek de glêsiel fynt it paad nei it swiete wetter troch de geul. Dat seit distriktshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea.

It ôfwetteringskanaal moast ek wat ekstra's opsmite foar de natuer, sa wie yn it foar al betocht. En sa nei de earste maitiid liket dat goed te slagjen. Al is it wol sa dat der troch fûgels hiel gau reagearre wurdt op wat nijs yn harren omjouwing; dat wurdt ek wol de pioniersfaze neamd.

Briedende kobben op it briedeilân by de slinke - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Om it gebiet oantreklik te hâlden foar de fûgels dy't der no briede, kin it wêze dat It Fryske Gea sa hjir en dêr noch wat yngripe moat om de goede omstannichheden te behâlden. Pas nei ferrin fan tiid wurdt dúdlik oft it echt holpen hat.

Ek de fêste briedfûgels fan it gebiet lykje it goed nei it sin te hawwen by de slinke. Ljippen, tjirken en strânljippen hawwe opfallend faak yn de omjouwing fan it gebiet in nêst makke dizze maitiid.

It briedeilân by de slinke - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)