Oantal ynbraken nimt ta; plysje ropt op om fertochte situaasjes te melden

It dievegilde is de lêste tiid sa bot aktyf yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel dat de gemeenten har der soargen oer meitsje. En dan moat de fakânsje noch begjinne. De fakânsjetiid is faak de gouden tiid foar ynbrekkers. De gemeenten en de plysje roppe minsken op om der goed om te tinken.
Foarbyldfoto fan in wenningynbraak © Shutterstock.com
"De plysje hat fan maaie ôf oant no yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel goed tweintich ynbraken notearre", seit Simon Bosma fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
De dieven binne rûnom aktyf. Dêrom hawwe de gemeenten mei de plysje in kampanje opsetten om minsken bewust te meitsjen fan it melden fan fertochte situaasjes. "It docht bliken dat minsken har der eins net bewust fan binne dat se fertocht gedrach melde kinne by 112. As je de plysje belje op 0900 8844 - dat is gjin neednûmer - hat it al gjin nut mear." 112 is dus net allinnich foar needgefallen.

Underliifgefoel

"It giet om it ûnderliifgefoel. Minsken kenne har eigen buert it bêste. As minsken nachts bygelyks in auto delriden sjogge, mei minsken deryn dy't bysûndere oandacht hawwe foar in hûs, dan is dat frjemd. Dan meie se 112 belje."
De plysje hat de ynbraken heech op 'e aginda stean en ropt minsken op om alert te wêzen mei de fakânsjeperioade foar de doar. "It boadskip is: tink ek in bytsje om it hûs fan de buorlju en tink om elkoar!"
Simon Bosma fan de gemeente Noardeast-Fryslân