Earste testrit foar Noard-Nederlânske sinne-auto

12 jul 2019 - 12:13

Noard-Nederlân hat sûnt dizze wike in spesjaal testsirkwy foar sinne-auto's. De autobaan is iepene om de earste Noard-Nederlânske sinne-auto goed teste te kinnen. Dy wein fan Top Dutch Solar Racing is makke troch 26 studinten fan ûnder oare de Rijksuniversiteit Groningen en it Friesland College.

Foto: Ronny Benjamins

De auto docht ynkoarten mei oan de ferneamde Bridgestone World Solar Challenge yn Australië. It sinne-autoteam fan Top Dutch Solar Racing hat mei it testsirkwy de mooglikheid om te sjen hoe't har auto it op langere ôfstannen docht. Oan de hân fan de testresultaten kin de auto dan noch oanpast wurde foar't er nei Australië ta sil.

It testsirkwy is hast twa kilometer lang en leit by Appingedam yn Grinslân.

(advertinsje)
(advertinsje)