"Liever naar McDonald's dan in de klas?" By it Friesland College mei it

12 jul 2019 - 11:47

It Friesland College is in gearwurking oangien mei de njoggen McDonald's-fêstigingen yn Fryslân. Learlingen fan de oplieding Fastservice & Catering fan it Friesland College sille meiwurkje yn de fêstigingen en krije der ek in diel fan har oplieding.

Foto: Friesland College

De skoalle siket bewust kontakt mei de bedriuwen yn de regio, omdat dat faak ek de takomstich wurkjouwers fan de learlingen binne. En sy kinne no dus in diel fan har oplieding folgje by McDonald's. De skoalle is in gearwurking oangien mei de njoggen Fryske fêstigingen fan de fastfoodketen.

Leare wat nedich is

"Vanaf komend studiejaar kunnen onze studenten in een praktijkroute bij de McDonald's-restaurants in Friesland precies datgene leren wat nodig is voor hun beroep", seit Ida van Marion, direkteur fan de School voor Zorg, Service & Welzijn fan it Friesland College. It giet dan om de learlingen fan de rjochting Fastservice & Catering.

De learlingen kinne har praktyklessen folgje by de fastfoodketen, in diel ek op de wurkflier sels. "McDonald's staat bekend om haar uitstekende opleidingsfaciliteiten. We zijn dan ook blij met deze samenwerking", fertelt Van Marion.

De gearwurking giet nei de skoalfakânsje yn. Learlingen krije nei ôfrin fan de oplieding in algemien diploma, sadat se ek by oare bedriuwen oan de slach kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)