Keunstwurk moat de hynders fan de dobbe by Marrum betinke

12 jul 2019 - 11:38

Midden yn de dobbe by Marrum komt takom wike in keunstwurk te stean dat de hûndertfyftich dobbehynders betinkt dy't yn novimber 2006 ynsletten rekken nei in swiere stoarm op it Noarderleech. It is in fotokeunstwurk fan Marcel van Luit. It wurk is in ûnderdiel fan in kuierrûte fan Sense of Place.

Foto: Omrop Fryslân

Ofrûne winter hat doarpsbelang Marrum yn oparbeidzjen mei It Fryske Gea in spesjale kuierrûte útset. De rûte bringt it ferhaal fan de hynders fan Marrum ta libben yn it lânskip. It fotokeunstwurk is it slotstik fan it projekt.

It begjinpunt fan de kuierrûte leit by it timpeltsje fan Ids Willemsma. Minsken kinne de rûte no al rinne, mar de offisjele iepening is op 30 augustus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)