Nije fûgelsjochhutte by ielguozzekoloanje De Alde Feanen

12 jul 2019 - 11:12

Midden op it wetter fan de Grutte Krite yn Nasjonaal Park De Alde Feanen stiet wer in fûgelsjochhutte. It giet om in ferfanger foar de hutte dy't ferline simmer ferlern gie troch brân. De nije hutte is boud troch learlingen fan ROC Friese Poort út Drachten, yn gearwurking mei in boubedriuw. De hutte, dy't allinnich mar mei in boat te berikken is, hat de namme De Ielgoes krigen.

Foto: It Fryske Gea

De frij tagonklike fûgelsjochhutte waard regelmjittich brûkt. Hoewol't de hutte allinnich mar mei in boat berikber is, wie it in grutte publykslûker ûnder besikers en fûgelers fan de Alde Feanen.

Fan de hutte út wiene net allinnich tsientallen briedende ielguozzen (ielskolvers) te sjen, mar ek de see-earn. Dêrom besleat It Fryske Gea de folslein ferwoaste hutte op 'e nij bouwe te litten.

Ferlein

De lokaasje fan de hutte waard fuortendaliks wat ferlein, omdat de ielguozzekoloanje yn de ôfrûne jierren ferskood is. Foar de sjochhutte leit in oanlissteger, dêr't lytse boatsjes koart oan oanlizze kinne. Lange besite is net tastien.

Opsichter Anton Huitema fan It Fryske Gea is tige wiis mei de nije hutte. "De nije sjochhutte is in oanwinst foar de belibbing fan dit prachtige gebiet."

Foto: It Fryske Gea

De bou fan de nije sjochhutte waard ûnder oare mooglik troch de ynset fan learlingen fan it ROC Friese Poort út Drachten. Huitema: "Ein foarich jier sochten we kontakt mei de skoalle mei it fersyk om it op 'e nij bouwen fan de fûgelsjochhutte as learlingeprojekt te besprekken." It idee waard tige entûsjast ûntfongen.

Oan 'e hân fan fjildûndersyk nei ferlykbere hutten makken de learlingen in oantal ûntwerptekeningen en in begrutting fan de boukosten. Dêrnei koe de bou úteinsette, mei help fan boubedriuw De Jong & De Wal foar it fuortheljen fan de âlde fundearring en it pleatsen fan de nije.

Goede gearwurking

Huitema is tefreden: "It resultaat is moai. It is boppedat in goed foarbyld fan in goede gearwurking tusken It Fryske Gea, it ûnderwiis en in boubedriuw." De trije learlingen fan it ROC mochten freed de nije fûgelsjochhutte offisjeel iepenje.

(advertinsje)
(advertinsje)