Alderein Meckama State genietet fan stoet fan it Kollumer Oproer

12 jul 2019 - 11:02

Alle 145 spilers en de hynders fan it muzykteäterspektakel Kollumer Oproer ha tongersdeitejûn in besite brocht oan fersoargingstehûs Meckama State yn Kollum. Dat diene se foar it begjin fan de lêste foarstelling fan it teäterstik.

De bewenners fan it fersoargingstehûs koene troch harren sûnens net maklik nei de foarstelling ta. Mar troch it spesjale rûntsje hawwe se der dochs wat fan meikrigen. De âlderen hawwe der fan geniete, en de fersoargers ek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)