Noardeast-Fryslân stimt yn mei moasje foar bysûndere rjochten Waadgebiet

12 jul 2019 - 09:39

In yntsjinne moasje, op inisjatyf fan Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân en S!N, foar bysûndere rjochten foar it Waadgebiet is troch de gemeenteried oannaam. 16 partijen wiene foar, 11 tsjin. It Waadgebiet falt al ûnder it UNESCO Wrâlderfgoed, mar de twa partijen wolle der by it kabinet op oantrúnje om in ûnôfhinklike behearautoriteit op te rjochtsjen foar it natuergebiet.

De Waadsee by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Waadsee is in unyk natuergebiet yn Nederlân én yn de wrâld en Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân en S!N fine dat dy like unike beskerming fertsjinnet. Troch de ramp mei kontenerskip MSC Zoe is dúdlik wurden hoe kwetsber oft it gebiet is.

Doe't de ramp krekt bard wie, wiene der ferskate ynstânsjes, ferieningen en groepearringen yn it spier om de gefolgen fan de ramp te bestriden, wylst der gjin goede koördinaasje wie.

De saneamde behearautoriteit soe in ferskil meitsje kinne. Yn oare lannen binne der al natuergebieten dy't in lyksoartige bysûndere status hawwe.

Troep dy't út de see fiske waard nei de ramp mei kontenerskip MSC Zoe - Foto: Anton Kappers

Earder hie it kabinet yn it regearakkoart al plannen opnaam foar in behearautoriteit foar de Waadsee dy't de natuer better beskermje moat. Dêr is noch in soad ûndúdlikens oer, mar wat wol bekend is, is dat dizze sterk ferbûn bliuwe sil oan de nasjonale oerheid en net samar oan 'e kant skood wurde kin.

Op dizze wize moat de Waadsee in eigen juridysk plak of identiteit krije yn de maatskippij, lykas in gemeente, wetterskip of bedriuw.

'Onafhankelijke Beheerautoriteit Waddenzee'

De op te rjochtsjen 'Onafhankelijke Beheerautoriteit Waddenzee' moat in bestjoer krije mei in eigen macht en eigen middels, en moat bestean út minsken út ferskate belangegeledingen, lykas eilânbewenners, natuerbeskermers, (lokale) oerheden, ûndernimmers, Waadkustbewenners en Waadfiskers.

De partijen wolle dat de moasje ûnder de oandacht brocht wurdt by de oare Waadseegemeenten en mei harren gearwurkje. Ek wolle se dat de moasje stipe wurdt troch de Deputearre Steaten en Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.

(advertinsje)