Tim Hoeve fan Donar nei Aris

12 jul 2019 - 09:32

Basketbalklup Aris hat der in nije spiler by: Tim Hoeve komt oer fan de Grinzer klup Donar. Hoeve is in guard fan 1,96 meter dy't it ôfrûne seizoen net allinnich foar Donar yn de reguliere kompetysje spile, mar ek yn de U21 Dutch Talent League.

Tim Hoeve (rjochts), noch yn aksje foar Donar yn in wedstriid tsjin Aris - Foto: www.orange-pictures.nl

Coach Ferried Naciri, ek nij bij Aris, is wiis mei de komst fan Hoeve: "Tim is een speler die klaar is voor de volgende stap in zijn carrière. De intensiteit en creativiteit in z'n spel past bij onze speelstijl, bij ons kan hij zijn sterke punten verder ontwikkelen."

Tongersdei waard al bekend dat Sjoerd Koopmans in jier langer by Aris bliuwt. Ek hy spile earder foar Donar.

Trefwurden: 
Aris basketbal Tim Hoeve
(advertinsje)