Kollum: "Diploma-útrikking"

12 jul 2019 - 08:41

"Wy hiene fan 'e wike leafst twa diploma-útrikkings! De iene gong as it slydjaget, omdat der mar in pear bern wiene, dus dat wie tige gemoedlik en persoanlik. De oare wie it stik massaler en duorre sadwaande ek wol fjouwer kear sa lang en dêr kin ik mar min oer.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Fansels bin ik tige grutsk as se slagge binne en har bêst dien ha. En fansels gean ik mei alle leafde nei de diploma-útrikking. Mar sadree't ik sit en it praten begjint, sakket de moed my yn 'e skuon. It hat alles mei mysels te krijen, want de minsken fan sa'n skoalle hawwe freeslik har bêst dien om der wat moais fan te meitsjen.

Der is kofje en tee mei wat lekkers derby, de stuollen steane klear en de boel is fersierd. Mar it begjint eins altyd mei immen dy't in hiel ferhaal ôfstekt, dêr't se sels fan sizze dat se it net te lang meitsje wolle. Mar myn spanningsbôge is ek net sa lang, dus dat mislearret meastal, sadat ik al heal lis te sliepen foardat it echt begjinne moat en sadwaande amper wit wêr't it oer giet.

As de bern dan einlings nei foaren komme kinne, hawwe se der altyd in ferhaaltsje by. Mar dêr't de iene de himel yn priizge wurdt, komt in oar der bekaaid ôf mei in ferhaal dat neat om 'e hakken hat. Dêr komt by dat de iene learaar ek better prate kin as de oare en ik ha ek wolris by in diploma-útrikking west dêr't in learares foar de groep stie mei in behoarlik dekolletee.

Omdat ik my dochs altyd ferskriklik ferfeel, frege ik my hieltyd ôf wêrom't je soks dogge op in diploma-útrikking. Hoechst der dochs net út te sjen as ien oft oare blondearre Kees út Flodder op sa'n dei? Is der dan nimmen dy't dêr wat fan seit? Of is it krekt bedoeld om de boel wat spannender te meitsjen? Dat sil dan earder foar de heiten jilde as foar my.

En wylst alle studinten ien foar ien oproppen waarden, seach ik om my hinne en observearre ik de boel mar wat. 'Goh, dy frou hat wol in moaie broek oan. Elkenien hat hjoeddeis wite sneakers oan, ik bin hast de iennige op learskes. Wat hat dy keardel in grouwe nekke en wêrom moat er no krekt foar my sitte?' En de keardel dy't neist my siet, siet hieltyd stikem yn myn billen te knipen. Hy ferfeelde him grif ek.

Myn eigen skoallefrustraasjes komme mei sokke dingen wer boppe. Want wat wie it ferfelend om yn in saaie les te sitten en al dat geëamel oan te hearren. En wat ik noch it meast ferfelende fyn, is dat der altyd immen is dy't begjint te hoastjen. En dêrnei folgje der mear en hoastje ik úteinlik sels ek.

Eins fiel ik my sels wer in bern yn 'e klasse as ik by de diploma-útrikking fan myn eigen bern bin. En dat is in kloategefoel. Ik koe bêst wol goed leare, mar dochs ha ik noait echt wat oan skoalle fûn. Ik dream sels noch wolris dat ik myn diploma net helle ha en dus wer nei skoalle moat. Freeslik wekker wurden is dat!

En wylst ik dit opskriuw, skamje ik mei eins bêst wol in bytsje want hearre jo soks net prachtich te finen? It is dochs in hichtepunt dat je efkes fiere wolle mei-inoar? Nei de tiid noch in hapke en in drankje en de gelegenheid om gesellich te kletsen Pfft, wat in drokte. Wat my oanbelanget stjoere se dy diploma's gewoan op en sûpe we ús thús wol klem."

(advertinsje)