IM: 'Strafrjochtlik ûndersyk nei rappere gaswinning sit yn ôfrûnjende faze'

It Iepenbier Ministearje docht al trije moanne lang ûndersyk nei rappere gaswinning út lytse fjilden, sa docht no bliken. Fêststiet dat minstens ien fan de gaskonserns dy't yn Noard-Nederlân aktyf gas produsearje, him net hâlden hat oan miljeufergunningen.
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Foardat in bedriuw gas produsearje mei, moat in winningsplan makke wêze, dat goedkard wêze moat troch de minister. Net earder as dy in ynstimmingbeslút ôfjout, mei it bedriuw oan de slach. Yn dat ynstimmingsbeslút stean de betingsten foar de gaswinning. Sa wurde ûnder oare betingsten steld oan de termyn fan de gaswinning, mar der stiet ek yn hoefolle oft maksimaal produsearre wurde mei.
Ut produksjesifers dy't op ynternet te finen binne, docht bliken dat it Kanadeeske gaskonsern Vermilion yn trije produksjefjilden boppe de maksimaal tastiene grins útgien is en dus te folle wûn hat. Fêststiet dat dat it gefal wie yn de gasfjilden ûnder Finkegea en it Drintske Diever. Yn Diever soe Vermilion sels mear as trije kear oer it tastiene maksimum hinnegien wêze.

Skrokken

Ynwenners fan de gebieten binne skrokken oer de gong fan saken. Dêrtroch wurdt neffens harren de kâns op ierdbevings en grûndelgong grutter. "De rechter in Den Haag heeft al gezegd dat er geen aanleiding is om te denken dat de risico's bij een klein gasveld kleiner zouden zijn dan bij het Groningenveld", seit Alie Eiting út Diever. "Wij willen dat de gasbedrijven zich houden aan de voorwaarden in de omgevingsvergunningen."

Lokaasjes

It Iepenbier Ministearje wol de ûndersochte lokaasjes net befêstigje. "Waar we allemaal naar kijken en waarnaar niet, daar kunnen we geen mededelingen doen. We kunnen altijd pas melden dat we iets onderzoeken, indien verdachten daarvan ook op de hoogte zijn, anders zouden ze in de krant moeten lezen dat ze als verdachte zijn aangemerkt en dat is niet netjes."
De gaswinningsfjliden yn Fryslân © NLOG.nl
Wol befêstiget it IM dat ûndersyk dien wurdt nei it skeinen fan de omjouwingsfergunning fan in bedriuw. De fjouwer noardlike regionale omroppen hawwe sterke oanwizingen dat it hjir giet om Vermilion. It Kanadeeske bedriuw is benammen aktyf yn Oerisel, Fryslân en Drinte.

Lekkaazjes

Dêrnjonken hat it IM befêstige dat der ek noch in oar ûndersyk rint: nei de NAM. Dat soe dien wurde fanwege grûnfersmoargingen yn Collendoorn (Hardenberg) en Farmsum (Grinslân). Yn Collendoorn wie dit jier yn jannewaris lekkerij en ek yn Farmsum binne gemyske stoffen yn de ûndergrûn lekt.
© ANP
It Iepenbier Minstearje wol hjiroer kwyt dat: "Het eindprocesverbaal van het onderzoek naar de verontreiniging bij de NAM te Hardenberg is bij ons ingeleverd en het onderzoek is gevoegd bij het onderzoek tegen de NAM Farmsum. De onderzoeken zijn uitgevoerd door de Politie en SODM (Staatstoezicht op de Mijnen, red.). Wij zijn bezig met het nemen van de vervolgbeslissing."

'Mislieding'

It ûndersyk fan it IM lit sjen dat de soargen fan bewenners yn it grinsgebiet fan Fryslân, Grinslân en Drinte net ûnterjochte binne. Earder al lieten de ynwenners witte dat sy harren mislieden fiele, omdat de ynformaasje út rapporten hieltyd ôfwykt. "Daarbij is uit openbaar toegankelijke cijfers op internet al gebleken dat de maatschappijen meer gas winnen dan in de vergunning is toegestaan", seit Jeanette van der Velde fan de stichting Gas Drenthe, Overijssel, Friesland (GasDrOvF). "En voor de duidelijkheid: die openbaar toegankelijke cijfers zijn afkomstig van de gasconcerns zelf."