Ried Waadhoeke stimt yn mei oanpak húsfêsting arbeidsmigranten

11 jul 2019 - 22:39

De gemeenterie fan Waadhoeke hat tongersdeitejûn ynstimd mei de nije oanpak fan de húsfêsting fan arbeidsmigranten dy't yn de kassen yn de gemeente wurkje. Yn de doarpen komme bûtenlânske wurknimmers dy't fan doel binne langer te bliuwen. Arbeidsmigranten dy't hjir mar koart binne, sille yn gebouwen by de bedriuwen sels húsfêste wurde.

Kassen tusken Easterbierrum en de seedyk - Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Nel Haarsma

In spesjale wurkgroep hat him de ôfrûne tiid ferdjippe yn de situaasje mei de bûtenlânske wurknimmers yn de gemeente en wêr't dy wenje moatte. Dat plan is oernaam troch de ried.

Neffens de wurkgroep is it ferstannich om yn elk doarp net mear as ien persint arbeidsmigranten op te nimmen. En yn ien strjitte net mear as tsien persint. Sa moat de leefberens yn doarpen en wiken garandearre wêze.

Arbeidsmigranten dy't hjir lang bliuwe, soene yn de doarpen húsfeste wurde kinne. Minsken dy't mar koart bliuwe, soene op it terrein fan har wurkjouwer wenje kinne, oan de râne fan doarpen en wiken.

Leechsteande skoalle

Mar yn oerlis kinne wurknimmers dyt koart bliuwe ek yn de doarpen ûnderbrocht wurde, seit wethâlder Nel Haarsma. As der earne in leech gebou is of in leechsteande skoalle of soksawat, gean dan mei it doarp en de omwenners yn petear en freegje oft dêr ek arbeidsmigranten dy't net lang bliuwe yn ûnderbrocht wurde kinne, seit wethâlder Haarsma.

(advertinsje)