Ried Waadhoeke: binnen in jier begjinne mei 'lytse húskes' yn Berltsum

11 jul 2019 - 20:39

Berltsum krijt, as it oan de ried fan Waadhoeke leit, oer net al te lange tiid in hofke mei tolve 'lytse húskes' foar âlderein. De ried wol dat binnen in jier de skeppe de grûn yn giet foar it projekt.

Foto: Omrop Fryslân

Foar it inisjatyf is in soad belangstelling. De realisaasje lit al in skoft op him wachtsje. It plan soe ûntwikkele wurde as proef (pilot) foar de nije omjouwingwet, yn 'e hope dat ien en oar dan flugger gean soe. Mar de 'soarchfâldige ôfwaging' dy't nedich is liket de proef earder te fertraagjen as foarút te helpen, ta teloarstelling fan de inisjatyfnimmers. "We krigen te hearren dat we nei de pilot ek noch de reguliere proseduere dwaan moasten. Ik tocht: dat kin net wier wêze", fertelt Klaas Nieuwhof fan Berltsumer Belangen.

Binnen in jier skeppe de grûn yn

Wethâlder Jan Dykstra fan de gemeente Waadhoeke joech ta dat de 'kommunikaasje' en it 'ferwachtingsmanagement' rjochting Berltsum net optimaal west hat. "De omjouwingswet is fansels nij, en eltsenien moat der noch oan wenne", heakket de wethâlder deroan ta.

De ried fan Waadhoeke fynt lykwols dat it Berltsumer plan net de dupe wurde mei fan trage nije wet- en regeljouwing en trune by it kolleezje oan op aksje. In inisjatyffoarstel fan VVD, FNP en Gemeentebelangen mei de oprop om 'binnen in jier de skeppe yn de grûn te stekken' yn Berltsum waard mei algemiene stimmen oannommen.

Trochstream

Neffens Nieuwhof is it fan grut belang foar 'de tolfde stêd fan Fryslân' dat it plan foar de lytse húskes trochgiet. "De âlderein dy't foar in lyts hûs kieze, meitsje in grutter hûs frij. Dêr kin in húshâlding mei bern yn, en sa soargje jo foar beweging. Hiel belangryk."

Ynfolling lege plakken

Njonken de lytse húskes moat der noch mear barre yn Berltsum, ûnder oare mei it ynfoljen fan lege plakken yn it doarp, mar Nieuwhof wol perfoarst net wachtsje op in 'totaalplan' foar it doarp. "Mei dy oare saken moatte we ek oan de gong, mar dêr moat it hofke mei lytse húskes foaral net op wachtsje."

Harkje nei Klaas Nieuwhof

(advertinsje)