Sjoerd Koopmans bliuwt noch in seizoen by Aris Ljouwert

11 jul 2019 - 20:30

Aris Ljouwert hat it kontrakt mei de 21-jierrige basketballer Sjoerd Koopmans mei ien seizoen ferlinge. Koopmans kaam ôfrûne seizoen oer fan Donar út Grins en hat neffens de klup in goede ûntwikkeling trochmakke yn syn earste jier.

Sjoerd Koopmans - Foto: Aris Leeuwarden

Neffens bestjoerslid Merlijn van der Meulen liet Koopmans foaral it twadde diel fan it seizoen sjen dat er him ûntwikkele hat en in stabile faktor yn it team wêze kin. Aris ferwachtet op korte termyn mear spilers te presintearjen oan it publyk.

(advertinsje)