Bliid dat KH-gefoel ferfolch kriget, mar hoe komt it mei it jild?

11 jul 2019 - 20:14

Jonge makkers binne tefreden mei it nije programma as opfolging fan Kulturele Haadstêd. It ôfrûne heal jier is hurd wurke om alle nije plannen op in rychje te krijen. Op de list stean mar leafst 64 konkrete projekten.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ien dêrfan is in ynternasjonaal festival foar koarte dokumintêres yn Ljouwert. Plons wurdt op 4, 5 en 6 oktober hâlden en ien fan de inisjatyfnimmers is Froukje van Wengerden. Sy is bliid dat it 2018-gefoel no in ferfolch kriget en fynt it bêst knap dat der in heal jier nei 2018 al sa'n programma stiet.

Kultuerpot folle leger

Programmakoördinator by poadium Asteriks en muzikant Wytse Dijkstra fynt sokke gearkomsten hiel weardefol. Fan de foarige gearkomste fan febrewaris stean in tal inisjativen no ek yn it nije programmaboek. Dijkstra stiet hiel bot achter it programma dat der no leit, mar set wol fraachtekens by it belied fan gemeenten en provinsje. Want der is net folle jild mear beskikber foar kultuer. "Hoe moatte wy no fierder? Wy hawe in moai programma en ik hoopje dat de polityk dêr no ek yn meigiet."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy peilde de reaksjes

(advertinsje)