Ynsammelingsaksje om Arnee "de uitvaart te kunnen geven die hij verdient"

Freonen fan de famylje fan Arnee Elsinga binne in crowdfundingsaksje begûn foar syn útfeart. Arnee waard begjin dizze wike dea fûn yn in sleat op It Hearrenfean, neidat er in tal dagen fermist wie. De freonen besykje 10.000 euro byelkoar te bringen. Mear as de helte fan dat bedrach is yntusken tasein.
© Omrop Fryslân, René Koster
'Om Arnee een uitvaart te kunnen geven die hij verdient', motivearje de freonen harren aksje op de webside Getfunded.nl. Dy aksje hawwe se opset yn oerlis mei de famylje.
Arnee waard moandei dea fûn yn in sleat yn syn wenplak It Hearrenfean. Dat wie by in sykaksje troch famylje en freonen, neidat Arnee de tongersdeis dêrfoar foar it lêst sjoen wie. Ut plysjeûndersyk hat bliken dien dat der gjin sprake west hat fan in misdriuw.
It ôfskie fan Arnee is kommende moandei yn syn wenplak.