Gieletruidrager Mike Teunissen oan de start fan Profronde Surhústerfean

11 jul 2019 - 19:42

De Profronde fan Surhústerfean mei de earste Nederlânske gieletruidrager yn 30 jier ferwolkomje oan de start. Mike Teunissen pakte dit jier yn de earste etappe fan de Tour de France op ferrassende wize de oerwinning en dêrmei ek de giele trui. Sûnt Erik Breukink yn 1989 is dat net mear bard. Nei de Tour de France komt de hurdfytser nei Fryslân.

Foto: Orange Pictures

De organisaasje is optein dat se Teunissen as earste hurdfytser fêstlein hawwe foar de 38e profronde. Teunissen wist net allinnich yn de earste etappe de oerwinning te pakken, mar kaam mei syn ploech yn de ploegetiidrit yn de twadde etappe ek as earste oer de einstreek. Yn de tredde etappe rekke er syn giele trui kwyt oan de Frânsman Julian Alaphilippe.

De Profronde fan Surhústerfean fynt plak op tiisdei 30 july en begjint om 19.00 oere yn it sintrum fan Surhústerfean.

(advertinsje)