Famylje Van Seggeren kin saak noch net ôfslute, no't widdo yn heger berop giet

11 jul 2019 - 18:00

De famylje fan Tjeerd van Seggeren betanket yn in brief de plysje, justysje en de meiwurkers fan de rjochtbank foar harren wurk. Dochs kin de famylje de saak noch net ôfslute, om't Jessica B. yn heger berop giet tsjin de útspraak fan tongersdei. De widdo fan Van Seggeren krige 20 jier sel fan de rjochtbank.

Foto: Eigen foto

De wreedheid dêr't Tjeerd mei om it libben brocht is, is mei gjin pinne te beskruiwen, sa stiet te lêzen yn de skriftlike reaksje fan de famylje op it fûnis fan de rjochtbank dat tongersdei útsprutsen waard.

De famylje: De pine, it fertriet en de ûnmacht by de neibesteanden bliuwt. It net witten hoe't de lêste mominten fan Tjeerd syn libben derút sjoen hawwe. Hoewol't de straf nei alle gedachten juridysk passend is, fynt de famylje dat gjin inkelde straf rjocht docht oan de dea en it ferlies fan Tjeerd, soan, broer en heit fan syn bern dêr't er sa mâl mei wie.

Advokaat Baukje Kooi fan de famylje

(advertinsje)