Bou Pathé-bioskoop giet nei lange fertraging lang om let wer los

11 jul 2019 - 17:15

It liket derop dat der lang om let wer boud wurdt oan de nije bioskoop fan Pathé oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Nei lange tiid wie der tongersdei foar it earst wer drokte op it bouplak dêr't de bioskoop komme moat.

Foto: Ton Eijer

Earder sei de algemien direkteur fan de bioskoopketen noch dat yn maaie úteinset wurde soe mei de bou. Dat wie doe net it gefal. Ek yn juny wie der noch hieltyd gjin skeppe de grûn yn gien. Dochs sei in wurdfierder fan it bedriuw doe dat der, mei in lytse fertraging, begûn wie mei de bou. Der stiene al moannen stekken om it bouplak hinne sûnder fierdere aktiviteit.

Oan it Ruterskertier binne se wiis dat der no einlik aktiviteit op it bouplak is: "We zijn superblij dat ze begonnen zijn. Voor ons als overbuurman is het top om Pathé als buurman te krijgen. Dan kunnen wij overdag ook eerder en meer open," sa seit Ton Eijer fan kafee Scooters dat tsjinoer de lokaasje fêstige is.

(advertinsje)