Argewaasje oer iepenbier kuierpaad Alde Omkromte op De Jouwer

Kuierders meie gewoan oer Alde Omkromte achter de Koaileane op 'e Jouwer kuierje. Dat hat de gemeenteried fan De Fryske Marren besluten nei in útspraak fan de Raad van State. It kuierpaad bestiet al 500 jier, mar de ôfrûne jierren is it ûnderwerp wurden fan in soad rebûlje yn it doarp.
Gemoederen rinne heech op om iepenbier kuierpaad op de Jouwer
In soad bewenners hawwe it stik paad efter harren hûs brûkt om de eftertún út te wreidzjen. Jousters dy't der wolris del kuierje, wiene benijd oft dat samar koe. Dêrop hat natuerorganisaasje Moai Skarsterlân útsocht hoe't it sit.
It die bliken dat it paad yndie noch hieltyd iepenbier tagonklik wêze moat. Moai Skarsterlân joech dit oan by de gemeente De Fryske Marren, mar dy die der yn earste ynstânsje neat mei.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Nei jierren fan besykjen it by de gemeente foarinoar te krijen, stapte de organisaasje nei de rjochter. Dy joech de kuierders gelyk: it paad wie iepenbier terrein. De gemeente hie noch de mooglikheid om dat sels te feroarjen, mar woansdeitejûn hat de rie ynstimd om it paad iepenbier te hâlden.
No moat dat hanthavene wurde, want it paad is op it stuit fertutearze. Ek stean der ferskate stekken op it paad.
Bewenners binne net bliid mei it beslút. In soad minsken binne der letter te wenjen kaam, en wisten neat fan it feit dat it paad iepenbier wie. Ien man fertelde sels dat yn syn kadaster stiet dat it paad fan him is. Oare bewenners hawwe no harren stekken iepenset, mar foar de kuierders bliuwt it in frjemd gefoel om troch achtertunen fan minsken te rinnen.
Harkje nei in reportaazje oer it paad