Knitted knockers: breidene proteze nei boarstoperaasje

11 jul 2019 - 16:43

Yn Amearika en Australië binne se dermei begûn, de saneamde knitted knockers, en ek yn Nederlân binne se der ûnder de namme Stichting Breiboezem. De stichting biedt froulju dy't troffen binne troch boarstkanker fergees breidene boarstprotezes oan as se bygelyks in swiere operaasje hân hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

Hoe sjogge de breidene boarstprotezes derút? It binne ovale boltsjes fan seft katoen mei in folling fan fiberfill, fertelt Dora van Dijk út Burgum fan de stichting Breiboezem. Se binne waskber, sefter en minder switterich as silikoaneprotezes. En omdat se lichter binne, hingje se ek net sa oan it skouder dêr't by boarstkankerpasjinten faak ek medyske yngrepen dien binne.

Dora van Dijk oer de breidene boarstprotezes

It inisjatyf is yn Noard-Hollân begûn troch in pear froulju. It rûn sa goed dat se der in stichting fan makken, ek sadat donaasjes ferantwurde binne. In pear jier ferlyn is it inisjatyf yn Fryslân úteinset. Elke regio hat in koördinator dy't yn de buert dingen regelet en hjir is dat Dora van Dijk út Burgum. Sy moat sels ek twa boarsten misse.

Fergees

As minsken goed hersteld binne, kinne se in boarstproteze fan silikoanen keapje, fertelt Van Dijk. Dat sit yn it basispakket, mar dan binne jo wol it eigen risiko kwyt en boppedat moatte jo der twa jier mei dwaan. Ast tuskentroch noch in oarenien hawwe wolst om te swimmen of te sporten, moatst it sels betelje. De breidene protezes binne fergees by de stichting Breiboezem te krijen.

Genôch breidsters

Van Dijk hâldt workshops dêr't breidsters leare hoe't it moat. By de stichting hechtsje se oan fakmanskip. It moat der keurich moai en skjin útsjen, want is wol yntym. Van Dijk hat op it heden genôch breidsters, in fêste ploech dyt se ynsette kin as it needsaaklik is. Fierders hat se altyd fan alle maten meardere eksimplaren op foarried.

Dielprotezes

Der binne ek dielprotezes foar foulju dy't in boarstbesparjende operaasje hân hawwe. Dat ferget wat mear maatwurk, seit Dora van Dijk ta einbeslút.

(advertinsje)
(advertinsje)