Alle trije jier in miny-kulturele haadstêd, earste yn 2022

11 jul 2019 - 15:49

Alle trije jier in miny-kulturele haadstêd as tsjingif foar it Calimero-gefoel dat hjir lang wie. Dat wol Sjoerd Bootsma, dy't no artistyk lieder is fan de LF2028-organisaasje, mei in pykjier (in saneamde triënnale) berikke. De earste kear moat yn 2022 plakfine, yn 'e maitiid fan april oant july.

"We willen op deze manier een goed niveau vasthouden en aansprekend zijn voor mensen buiten Fryslân. We hebben gezien hoeveel LF2018 heeft opgeleverd. En dan bedoel ik niet alleen de economie en toerisme, maar juist de zelfverzekerdheid en trots van de mensen hier", aldus Bootsma.

De Dûker by de Aldehou - Foto: Omrop Fryslân

Sjoerd Bootsma en saaklik lieder Lieuwe Krol presintearren tongersdei it programma wêrmei't in ferfolch jûn wurdt op 'Ljouwert Fryslân kulturele haadstêd 2018'. Sa komt der yn 2020 wer in 'Elfwegentocht', dan net allinnich yn Fryslân mar ek yn Grinslân en Drinte. Der komt yn 2020 in ferfolch op Finestra Aperta: Sula Strada. En de makkers fan Lost in the Greenhouse komme mei Het verdriet van de Zuiderzee. Yn itselde jier komt der in Waadopera yn Peazens-Moddergat.

It kulturelehaadstêdjier 2018 stie benammen yn it teken fan iepen mienskip. No binne it trije nije pylders: mienskip, lânskip en erfskip. Klimaat en duorsumens nimme in wichtich plak yn. It artistike tema fan de kommende trije jier is 'op de boaiem fan de see' en de trije jier dêrnei 'European Green Capital'. Sa'n trijejierrige perioade wurdt ôfsluten mei in miny-kulturele haadstêd.

"Culturele projecten speelden zich in 2018 vaak af op een locatie, vanuit de verhalen en het erfgoed van de plek, samen met de mensen die daar wonen, en dan kijkend naar de toekomst. Dit is heel erg een Friese signatuur van kunst en cultuur maken, waar we internationaal mee zijn opgevallen. Daar gaan we absoluut mee door", fertelt Bootsma.

De foarstelling fan Finestra Aperta - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Utdaging

Spearpunten binne it oanjeien fan it kulturele klimaat, ynternasjonalisearring en de triënnales. Foar de earst twa doelen is der in goede finansjele basis (dat binne de projekten dy't foar kommende tiid yn it nije bidbook steane). Dat jild komt foaral fan de provinsje Fryslân, dy't alle jierren oant 2024 twa miljoen euro beskikber stelt.

De gemeente Ljouwert jout dit jier 700.000 en hat tasein ek yn de takomst jild te jaan. Hoefolle is noch net bekend. De gemeente is op it stuit dwaande mei it meitsjen fan nij kultuerbelied, hjir sil it fan ôfhingje. "Foar de triënnale moatte we noch jild fine, dat is noch wol in útdaging", fertelt Lieuwe Krol. Want mei de twa miljoen euro rêde se it yn sa'n pykjier net.

Teloarstelling

Efter de skermen is der it lêste heal jier hurd wurke, mar nei bûten ta wie it stil. Dat kaam de organisaasje bytiden op krityk te stean. "We moeten 2019 zien als een brugjaar", leit Bootsma út. Yn it kulturele haadstêdjier gie alle tiid en enerzjy nei it feestjier sels. "We zijn in het nieuwe jaar heel hard aan het werk gegaan en hebben binnen een half jaar een heel goed plan en daar zijn we heel erg trots op."

Bootsma en Krol binne massaal benadere troch minsken en organisaasjes út it kulturele fjild en moasten bytiden hurde karren meitsje. Der is fansels folle minder jild beskikber as de 79 miljoen euro dy't der yn de 2018 en yn de oanrin nei dit feestjier wie. "We weten welke kant we op willen en wat hier wel en niet bij past. Dat maakt het kiezen makkelijker."

(advertinsje)
(advertinsje)