Fan 'Ponto-Kaspische grondels' oant brazems, it wetter yn Fryslân is skjinner

11 jul 2019 - 15:13

It ferskaat oan fisksoarten yn Fryslân is de ôfrûne jier tanaam. By in mjitting yn 2018 fûn it Wetterskip Fryslân 28 ferskate fisksoarten yn it Fryske wetter. Trije jier lyn wiene dat der noch 25. Neffens it Wetterskip komt dat trochdat it wetter skjinner wurden is.

Foto: Wikimedia Commons

Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân oer de fisksoarten

It ûndersyk waard ûnder oare dien yn de Dokkumer Ie, de Burgumer Mar, de Grutte Wielen en de marren yn it súdwesten fan ús provinsje. Dêrby waarden ek soarten fûn dy't op de saneamde Rode Lijst stean. Dat binne fisken dy't út ús lân driigje te ferdwinen of al ferdwûn binne. Fan dizze list waarden yn Fryslân de alver, de rivierdonderpad, de spiering en de houting oantroffen.

Roofblei en Ponto-Kaspische grondels

By de telling waard in hiel soad brazem oantroffen, mar der swommen ek eksoatyske fisksoarten yn it Fryske wetter. Dat binne fisken dy't eins net yn ús provinsje thús hearre, mar de ynheemske soarten ferdriuwe. Eksoaten binne dêrom in bedriging foar de biodiversiteit. It gie dan benammen om Ponto-Kaspische grondels, mar ek roofblei en de zonnebaars waarden fûn.

Neffens it Wetterskip is it ferskaat oan fisk en fisksoarten te tankjen oan in ferbettering fan de wetterkwaliteit yn de ôfrûne jierren. Ek mear opsjes foar fiskmigraasje drage by ta it positive resultaat.

(advertinsje)