In krekt putsje: trije grutte tanks foar nagelnij tankstasjon

11 jul 2019 - 14:43

It wie efkes in spannend momint tongersdeitemoarn: in grutte kraan moast in tank fan 80.000 liter yn in grut gat fan 20 by 8 meter en 4 meter djip delsette. Wurk dat tige krekt komt, want de tank moat op presys it goede plak pleatst wurde. Nei de earste tank folgen noch twa.

In pear moanne lyn waard de earste peal slein fan it nije tankstasjon fan Veenema Olie oan de Lorentzstrjitte yn Snits. De trije bruorren Freddy, Arnold en Harold Veenema liede it bedriuw dat oprjochte is troch harren heit. Dy begûn mei oalje en disel; ûnderwilens is it bedriuw útgroeid ta in modern brânstofbedriuw, mei ûnder oare in tankstasjon.

By it nije tankstasjon kin aansen njonken de gewoane brânstoffen ek alternative brânstoffen tankt wurde, lykas grien ierdgas en blauwe disel. Der komt ek in elektrysk oplaadpunt en in romme winkel by.

De tank wurdt yn it djippe gat pleatst - Foto: Omrop Fryslân

Veenema is in echt famyljebedriuw dat woartele is yn Snits. De bruorren hawwe by de nijbou bewust keazen foar Snitser bedriuwen om de lokale ekonomy te stypjen. Boukundich oannimmer is Friso Bouw, grûn-, wetter- en dykbouwer De Waard is de sivile oannimmer en de technyske ynstallaasjes wurde makke troch Otte.

It gat dêr't de trije tanks yn komme - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)