Boargemaster Skiermûntseach: "Zeur niet langer en betaal gewoon"

11 jul 2019 - 14:10

De Waadgemeenten binne fernuvere no't sy noch mar in lyts part fan de totale skea fergoede krije fan de reder MSC. MSC makke ein juny bekend fuortendaliks 3,35 miljoen euro oer te meitsjen oan organisaasjes dy't claime skea te hawwen fan de kontenerramp mei de MSC Zoe. Mar de reder hat noch mar 600.000 euro oermakke.

Foto: Kustwacht Nederland

Neffens boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, hawwe de Waadgemeenten fan dy 600.000 euro noch gjin ton ûntfongen. "Terwijl de claims en de rekeningen die wij al hebben betaald een kleine drie ton bedragen. Dus daar zit nog een groot gat tussen."

Van Gent is der absolút net wiis mei dat it jild mar net útkeard wurdt. "Een paar weken geleden is er een overleg geweest in de Tweede Kamer. Daar heeft de minister gezegd eruit te zijn met de reders en ze gaan die kosten betalen. Vervolgens werd er gezegd: er wordt in eerste instantie 600.000 euro overgemaakt."

Boargemaster Ineke van Gent

De Waadgemeenten giene derfan út dat ûnder dy 600.000 euro ek harren rekken falle soe. It docht lykwols bliken dat it grutste part fan dy seis ton nei de Kustwacht en Rykswettersteat giet. "Zij moeten natuurlijk ook hun geld krijgen, maar ik vraag me af waarom wij als Waddeneilanden achteraan in de rij moeten aansluiten", seit Van Gent. De boargemaster seit it net netsjes te finen fan MSC dat de Waadgemeenten net al it claimde jild krije.

Trênearje

Neffens MSC moat der noch mear ûndersyk dien wurde nei de skeaclaims. "Dat zeggen zij steeds. Maar de rekeningen zijn ingediend. Op vraag van MSC hebben we daar nogmaals naar gekeken. Over de rekeningen van de eilanden zijn in principe geen vragen meer. Dus het lijkt er toch op dat ze het lopen te traineren. Ik zou zeggen: zeur er niet langer over en betaal het gewoon. De vervuiler betaalt en dat zijn niet de Waddeneilanden."

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Wettersteat en Ynfrastruktuer soe derfan útgean dat de rekkens gewoan betelle wurde. As dat net bart, sille der juridyske stappen oerwage wurde. "Ik heb ook van Rijkswaterstaat begrepen dat het overleg opnieuw heeft plaatsgevonden, dus ik ga ervan uit dat dat geld de komende dagen wordt overgemaakt. Zo niet, dan zal ik ook richting de minister en de Tweede Kamer erop aandringen dat hier actie op komt, want dit is niet de afspraak."

Eilânbesikers en -bewenners treffe noch altyd rotsoai oan op de strannen. Gelokkich stekke dy altyd graach de hannen út 'e mouwen om guod op te rêden. "Het is prachtig dat onze toeristen dat ook opruimen als ze dat zien. En het is ook niet voor niks dat de Waddenburgemeesters erop hebben aangedrongen dat er, ook naar aanleiding van deze ramp, structurele maatregelen komen om dit soort ellende te voorkomen."

(advertinsje)
(advertinsje)