Widdo Tjeerd van Seggeren feroardiele ta tweintich jier sel foar moard op har man

11 jul 2019 - 13:30

De 35-jierrige widdo fan Tjeerd van Seggeren is tongersdeitemiddei troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta tweintich jier sel foar de moard op har man. Neffens rjochter Kees Post is der genôch bewiis om de frou te feroardieljen. Dat oaren oan de moard meidien hawwe, achtet de rjochtbank net bewiisd en frou Van Seggeren wurdt dus folslein ferantwurdlik holden foar de moard op Tjeerd van Seggeren. De advokaat fan de widdo fan Van Seggeren jout oan yn heger berop te gean.

De advokaat fan de widdo frege healwei juny om frijspraak foar syn kliïnt. Justysje easke lykwols in selstraf fan tweintich jier tsjin de frou. Rjochter Kees Post is no ta de konklúzje kaam dat de widdo fan Tjeerd van Seggeren skuldich is oan de moard op har man.

Post is it iens mei de beskuldiging fan it Iepenbier Ministearje dat "de verdachte financieel belang had bij de dood van haar man". Der wie in libbensfersekering ôfsletten fan seis ton. "Ook heeft verdachte het initiatief genomen om af te spreken aan de Bûterwei. Zij heeft het slachtoffer naar de locatie geleid."

Moard is bewiisd

De rjochter: "Moord is bewezen. Verdachte heeft slachtoffer naar het weiland gelokt, waar hij met geweld om het leven is gebracht. Medeplegen met anderen is niet te bewijzen." De rjochtbank achtet har dus folslein ferantwurdlik foar de moard op har man. "Ze heeft haar kinderen hun vader ontnomen."

Foto: A. Zuurveen

Yn july 2017 waard it lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren oantroffen yn in stik greide by De Westereen. Yn it oardel jier dat folge, waarden meardere senario's trochnaam, en waarden meardere fertochten oanhâlden, en guon ek wer frijlitten. It Iepenbier Ministearje hie lange tiid frou Van Seggeren op it each as dieder.

Der is hast in moanne de tiid naam om ta in útspraak te kommen yn dizze saak. Dit is langer as gewoanwei. Neffens it Iepenbier Ministearje wie haat it motyf foar frou Van Seggeren. De twa hiene relaasjeproblemen.

(advertinsje)