Kollumer Oproer op spesjale besite nei Kollumer âlderein

It teäterstik Kollumer Oproer hat de ôfrûne wike alle jûnen grôtfolle tribunes lutsen. Minsken kamen fan fier om it grutte spektakel fan regisseurs Steven de Jong en Atsje Lettinga live mei te meitsjen. Mar der wie in grutte groep minsken krekt om de hoeke fan it spektakel dy't der net by wêze koe. En dêrom sille de akteurs tongersdeitejûn in blokje om.
© Piet Douma
It giet om de âlderein fan fersoargingshûs Meckama State yn Kollum. De minsken wenje himelsbreed op in pear hûndert meter fan de lokaasje fan it teäterstik, mar troch âldens slagget it har net om de folsleine jûn op in tribune te sitten.
Om derfoar te soargjen dat dizze ynwenners fan Kollum dochs wat fan it stik mei krije, sille de spilers tongersdeitejûn op besite nei it fersoargingshûs. En it giet net om in lytse besite: yn totaal 145 artysten bringe it Kollumer Oproer nei it fersoargingshûs. Se komme mei in soad flaggen en sân hynders nei Meckama State ta, om dêr in rûntsje om it fersoargingshûs te rinnen.
Se dogge dit om 19:45, krekt foar de lêste opfiering fan it stik. Kollumer Oproer, oer it libben fan Salomon Levy hat trije ekstra jûnen te sjen west yn it sintrum fan Kollum.