LIVEBLOG: Utspraak yn de saak-Van Seggeren
De rjochtbank yn Ljouwert docht hjoed útspraak yn de saak-Van Seggeren. Tjeerd van Seggeren waard twa jier lyn nei in feest nachts dea fûn yn in greide by De Westereen, hy wie om it libben brocht. It Iepenbier Ministearje (IM) fertinkt de widdo fan Van Seggeren fan it meiplegen fan moard en easke tweintich jier sel. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is yn de rjochtbank en docht yn dit liveblog ferslach fan de útspraak.
Dit liveblog is ôfsluten, sjoch foar mear ynformaasje en ynterviews oer de saak Van Seggeren op de webside.
De advokaat fan de fertochte seit fuort nei de útspraak dat der in heger berop oantekene wurdt.
Rjochter: "Moord is bewezen. Verdachte heeft slachtoffer naar het weiland gelokt waar hij met geweld om het leven is gebracht. Medeplegen met anderen is niet te bewijzen." Rjochtbank achtet har dus folslein ferantwurdlik.
Neffens de rjochter is de fertochte 'leugenachtig geweest' oer wêr't se mei de auto west hat. De auto is sjoen oan de Bûterwei. De rjochtbank seit dat it dúdlik wurden is op grûn fan in tsjûgeferklearring dat fertochte en slachtoffer tegearre de greide yn rûn binne dêr't Tjeerd van Seggeren fûn is. "Verdachte zei dat ze de telefoon toen had uitgezet. Maar daarover heeft ze leugenachtig verklaard." It wurd 'leugenachtig' brûkt de rjochter meardere kearen.
Rjochter is it iens mei de beskuldiging fan it Iepenbier Ministearje dat 'de verdachte financieel belang had bij de dood van haar man'. Der wie in libbensferskering ôfsletten fan seis ton. 'Ook heeft verdachte het initiatief genomen om af te spreken aan de Bûterwei. Zij heeft het slachtoffer naar de locatie geleid'.
Oer inkele minuten docht de rjochtbank útspraak. Dy is wat letter om't de advokaat fertraging hie. De sealen binne fol, elkenien wachtet yn spanning ôf. De 35-jerrige fertochte wurdt binnenbrocht troch de parketplysje en giet sitten. Dan begjint rjochter Kees Post oan de útspraak.
Der wurde in soad minsken ferwachte by de útspraak. De grutte seal sil fol rinne en dêrom is der in ekstra romte reservearre. De famylje fan it slachtoffer sit yn in apart keammerke. De famyljeleden fan de fertochte sitte yn de grutte seal.
De rjochtbank hat hast in moanne de tiid naam om ta in útspraak te kommen yn dizze saak. Dit is langer as gewoanwei. It is de ferwachting dat de sitting om 13:00 begjint, wêrnei't de rjochtbank de straf bekendmeitsje sil, en dêrby ek de motivaasje foar dy straf of de frijspraak. De sitting is iepenbier.