Oerlibbingskânsen ljippepiken yn plasdras mei stjoerders yn kaart brocht

11 jul 2019 - 11:55

Der hawwe yn Fryslân dizze maitiid ljippepiken omrûn mei in lytse stjoerder. Sa koe folge wurde wat de bistjes allegearre by it ein hawwe. Se waarden folge yn greiden yn it grinsgebiet fan Fryslân en Grinslân. En dat is bysûnder, want yn ferliking mei skriezen wurdt der net iens safolle ûndersyk dien nei de ljip en al hielendal net mei stjoerders.

Span skriezen yn in plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

It folgjen fan de bistjes is ûnderdiel fan in grutter lanlik ûndersyk, dêr't de resultaten pas nei de simmer fan bekend wurde. Dêrby giet it derom hokker ynfloed de oanlis fan plasdras hat op it wolwêzen fan de piken.

"Collega's peilen die zenders uit met ontvangstapparatuur", leit Ernst Oosterveld fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga út. "Aan de signalen kun je vernemen waar ze zitten en hoe actief ze zijn."

Ljipaaien - Foto: Shutterstock.com

Wat opfoel by de groep piken dy't troch it advysburo folge waard, wie dat de kombinaasje fan kâld waar en plasdras bytiden min útpakte. Der binne piken ferstoarn en guon binne ferdronken doe't sy, mei nei alle gedachten net genôch enerzjy yn it liif, besochten in sleat oer te stekken.

"Op greppelplasdras en op ander graslandtypen waar de kuikens op zaten, heeft ongeveer 25 procent het gered. Dat heeft vooral gelegen aan de kou begin mei."

Piken yn beweide of meand gerslân en sels yn maislân liken it ditkear troch it kâlde waar better te dwaan. Ek omdat de grûn op it maislân mear waarmte ôfjoech. Maislân is oars net ideaal foar piken, omdat it nochal bewurke wurdt en der net in soad ynsekten binne dy't de piken frette kinne.

Ernst Oosterveld fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga.

(advertinsje)
(advertinsje)