Op fakânsje? Nee, de skoalbanken wer yn!

11 jul 2019 - 11:45

Net elkenien sit derop te wachtsjen. Is de fakânsje krekt úteinset, moatte je fuortendaliks de skoalbanken wer yn. Foar tsientallen Fryske middelbereskoalbern is it de realiteit. Se moatte noch oardel wike ekstra nei skoalle om derfoar te soargjen dat se net sitten bliuwe. De Simmerskoallen binne wer los. Wy sjogge op ien fan dy skoallen.

De bern skowe noch wat ûnrêstich hinne en wer op de stuoltsjes yn it klasselokaal op de earste ferdjipping fan it Liudger yn Drachten op it momint dat de dosint it wurd nimt: "Welkom in onze klas. We gaan de komende periode even flink en hard werken."

Tsien bern fan it Liudger en fan it Singelland hawwe in plak socht yn it fierder lege klasselokaal. De tsien hawwe net ien, mar mar leafst trije dosinten foar de klasse te stean. In eintsje fierderop yn deselde gong is noch in groep fan tsien bern úteinset mei de oardel wike simmerskoalle.

Foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

"Ik had niet zulke beste cijfers op mijn rapport. Daarom moet ik nu naar de zomerschool om mijn cijfers op te halen." Jelmer de Haan is ien fan de tsien bern dy't dit jier op it Liudger meidocht oan de simmerskoalle. Hy sit op it stuit op it VMBO TL, mar soe nei in leger nivo moatte as er neat ferbetteret. En dus wurket er de kommende tsien dagen oan de fakken wiskunde en ekonomy. Oan de ein fan de simmerskoalle moat er foar beide fakken in toets dwaan en in foldwaande helje.

De moed deryn hâlde

En sa sitte alle bern yn de twa klassen op it Liudger te wurkjen oan syn of har eigen swakke fakken. Se dogge dat mei help fan dosinten fan NHL-stúdzjebegelieding. Dosint Jeroen de Vries seit dat de grutste útdaging is om de bern motivearre te hâlden. "Se hiene fansels al fakânsje hawwe kinnen, mar se binne hjir wol mei in reden. Se moatte it no sjen litte om fierder de kinnen op skoalle. En dus begripe de bern faak ek sels wol dat se der efkens hurd foar wurkje moatte, mar dat se der dan sels profyt fan hawwe."

Neffens De Vries helpt it wol dat it dit jier min waar is. "As bûten de sinne skynt, is it wol wat dreger om se derby te hâlden."

Foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

De simmerskoalle is fiif jier lyn betocht troch it Ministearje fan Underwiis yn oparbeidzjen mei it middelber ûnderwiis sels. Der kaam jild beskikber om bern by te spikerjen dy't drigen net oer te gean. Troch de bern noch in pear dagen ekstra op skoalle te hâlden woe it ministearje besykje it tal sittenbliuwers te ferminderjen. Op it Singelland en it Liudger yn Drachten liket dy opset slagge. "We zien dat van alle deelnemers aan de zomerschool 75% uiteindelijk zijn diploma haalt zonder vertraging", sa seit projektlieder Rixt Koen. "Hadden ze niet meegedaan aan de zomerschool dan waren ze blijven zitten."

Seleksje

Ek op oare plakken yn de provinsje wurde saneamde simmerskoallen oanbean. Foarhinne waard dat folslein betelle troch it ministearje, sa fertelt Koen, mar no moatte skoallen ek sels ta de bûse. "En niet iedereen kan zomaar meedoen. Het zijn de docenten die uiteindelijk bepalen of iemand deze extra kans krijgt of niet. Het aantal plekken is beperkt en het moet wel realistisch zijn dat ze alsnog over kunnen gaan."

Ek is it net sa dat jo alle jierren opnij meidwaan kinne. "Je mag maar één keer in je schoolcarrière meedoen. Dat zijn de regels van het ministerie."

We zien dat van alle deelnemers aan de zomerschool 75% uiteindelijk zijn diploma haalt zonder vertraging.

Rixt Koen, projektlieder

Nei it meitsjen fan in strakke planning giet elk fan de bern oan de slach mei syn of har eigen planning. Mar foardat de bern oan de slach gean, moatte se earst harren mobile tillefoans ynleverje. Dy komme allegearre foar yn de klas yn in aparte bak. Want neat mei harren konsintraasje dizze wike ûnderbrekke.

Jelmer de Haan sit al binnen fiif minuten hurd te wurkjen. Hy is dan ek wol hiel bot motivearre om it te heljen. "Het moest van mijn ouders, maar eigenlijk ook van mezelf. Ik wil heel graag op hetzelfde niveau blijven als nu. Dus daar ga ik hard aan werken."

Foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

Harkje nei de reportaazje

Trefwurden: 
simmerskoalle
(advertinsje)
(advertinsje)