Kollum: "Bûgel"

11 jul 2019 - 09:03

"Yn 'e film Magnolia út 1999 sit in ferhaalline oer Quiz Kid Donnie Smith. Donnie wûn as bern in telefyzje-kenniskwis, mar as folwoeksen man giet it net sa goed mei him. Hy ferliest syn baan en makket in plan om yn te brekken by syn baas. Want hy hat jild nedich foar in toskkorreksje. Alteast, syn tosken binnen prima. Mar de man fan syn dreamen, in brede, jonge barman, hat bûgels. Donnie wol ek bûgels, yn 'e hoop dat de barman him dan stean sjocht en se tegearre gelokkich wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik fyn Magnolia in ûnderskat masterwurk. It is in wat yngewikkelde film, en mei rom trije oeren ek net de koartste, mar it aktearwurk, it senario en ek de sinematografy binne fan it bêste dat ik sjoen ha. En ik kin de lêste wiken mar net ophâlde om deroer nei te tinken.

Ik ha wat skeve tosken, nammentlik, en no wol ik ek in bûgel. Myn tosken binne yn 'e rin fan 'e jierren wat foar inoar lâns skood en ien fan myn foartosken stiet wat nei achteren. Dat binne allegearre gjin medyske needsaken foar in toskkorreksje, en elkenien dy't ik it fertel seit 'oh, dat is my noch nea opfallen'. It sil in slompe jild kostje, om't ik it fansels sels betelje moat. En alles yn my skreaut no dus al wiken: QUIZ KID DONNIE SMITH.

Want ja, ast my dernei fregest, en dan echt mei in mes op 'e kiel, en ik sil soks nea befêstigje yn it iepenbier, lykas op 'e radio, dan hoopje ik miskien dochs ek dat ik der in barman mei fersiere kin. Ik ha noch net ien konkreet op it each, mar dat is in kwestje fan tiid. Want wêr doch ik it oars foar: ik laitsje al tsien jier net mear mei myn mûle iepen op foto's, ik sil nea in foto online sette dêr't myn gebit op te sjen is, en as ik in aardige en ynteressearre fint tsjinkom, tink ik altyd dochs hiel even 'wachtsje mar oantst myn tosken sjochst'. Wylst der net safolle oan 'e hân is.

Mar de nochtere Fries yn my ferliest it. Ik ha nei myn toskedokter west, en dy sei: ja, doch it mar, want it wurdt allinnich mar slimmer en no hast der noch in protte wille fan. Wat wer in nije eksistinsjele krisis opropt: ja, toskedokter, ik gean oer in skoftke dea, mar sille we dêr no noch mar net op antisipearje?

Ik ha nei in ortodontist west, en dy sei: ja, doch it mar, want it wurdt allinnich mar slimmer en we kinne dit hielendal yn oarder meitsje, sjoch, dyn tosken kinne ek rjocht stean! Tusken dat en no sit nochal in lyts kapitaal datst nei my oermeitsje moatst. Ik ha foar in second opinion west, en dy sei: ja, doch it mar, want it wurdt allinnich mar slimmer en nee it is gjin needsaak, do dochst dit foar dysels, mar ik bin it iens mei dyn toskedokter en dyn ortodontist.

Der moat in kies en in tosk lutsen wurde en dêrnei rin ik twa jier mei in bûgel. Mar ik ha noch altyd net tekene. Ik stel it mar út. Ik kin dus hiel min beslisse oer myn eigen lichem, en neat makket my mear ûnwis as dat lichem, en om no ris in kear wat te dwaan wêrtroch't myn lichem en ik tichter by inoar komme, is ynienen hiel yngewikkeld.

It komt dochs ek troch Quiz Kid Donnie Smith. Hy hat gjin bûgels nedich, medysk net, mar ek net om estetyske redenen. Hy sjocht it as in oplossing foar in probleem dat hjir hielendal net mei oplost wurde kin. En dêrom bespotte ik him, by it sjen fan Magnolia. Dy film is dus sa goed, dat ik dêrtroch net yn steat wie in kar te meitsjen om dit no by mysels troch te setten of net. Wylst trije saakkundigen no al sein ha dat it in goed idee is: myn tosken steane skeef, en dat wurdt minder, yn tsjinstelling ta dy fan Donnie. It jild is der yntusken ek, dus no is it tiid om te kiezen. En dan net al te folle oan Quiz Kid Donnie Smith te tinken.

En dit is no myn oplossing. Ik ferklearje hjirby, op Omrop Fryslân-radio, dat ik fan 'e middei it behannelplan tekenje en op 'e bus doch. Klear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)