Hoe grut is de kâns op ierdbevingen by lytse gasfjilden?

11 jul 2019 - 11:00

Te ferwaarleazgjen lyts. Dat binne neffens minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat de risiko's fan gaswinning út de lytse fjilden. Mar doocht dat wol? Freon en fijân binne it der oer iens. De gefolgen fan gaswinning út lytse fjilden binne flink lytser as dy fan it supergrutte gasfjild yn Grinslân.

Foto: ANP

Dochs ha der yn de rin fan de jierren wol deeglik ierdbevingen west by lytse gasfjilden. Mei dy by it Drintske Roswinkel yn 1997 as foarbyld. Dy hie in krêft fan 3.4 op de Skaal fan Richter. Dat is deselde sterkte as de twa swierdere ierdbevingen fan de lêste tiid yn Grinslân, dy't Wiebes besluten die om de gaskraan dêr ferhastige fierder ticht te draaien.

Swierste beving yn Fryslân

De swierste ierdbeving yn Fryslân oant no ta wie tsien jier lyn by De Hoeve yn de buert fan Noardwâlde. Dy beving fan 2.8 wurdt oars taskreaun oan wetterynjeksje yn gasfjilden dêr. Gaskonsern Vermilion wol yn dit gebiet nei fjirtjin jier wer gas winne.

Yn 2018 wienen der seis ierdbevingen by lytse gasfjilden. Sa wie der in beving fan 2.0 op de Skaal fan Richter by it Drintske Dalen. De swierste foarich jier yn de buert fan lytse gasfjilden: ientsje fan 2.5 by Warder yn Noard-Hollân.

Undersyksynstitút TNO die trije jier lyn ûndersyk nei ierdbevingen by lytse fjilden. Oant dan ta hienen dêr tritich ierdbevingen west. Yn tsien gefallen kamen dy boppe de 2.0 op de Skaal fan Richter.

Oer de gefolgen dêrfan meldt TNO: "Een aantal van de bevingen heeft lokaal schade aan huizen veroorzaakt. Er zijn bij deze bevingen geen situaties of incidenten gerapporteerd waarbij de veiligheid in het geding was."

Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) befêstiget dat lêste. "Bij deze velden zijn mogelijke aardbevingen niet van dien aard dat we ons zorgen maken over de veiligheid. Maar we houden het uiteraard wel scherp in de gaten," fersekeret haad ûndergrûn Wouter van der Zee fan de tafersjochhâldende ynstânsje.

Unôfhinklik geolooch Peter van der Gaag warskôge begjin jierren njoggentich al foar swiere ierdbevingen yn Grinslân. Ek hy seit mei klam dat de risiko's by lytse gasfjilden folle minder grut binne. "Het gas zit in veel dunnere lagen. Dat is niet vergelijkbaar met dat grote veld in Groningen."

De risiko's binne wol grutter as lytse gasfjilden flak by elkoar lizze. "Of als ze voor een deel in lagen onder elkaar liggen, zoals bijvoorbeeld in de omgeving van Emmen. Daar moet je echt geen gas meer winnen. Dat is vragen om problemen."

Trefwurden: 
gaswinning
(advertinsje)
(advertinsje)