Dei fan de wierheid yn de saak-Van Seggeren: frijspraak of sel foar widdo

De rjochtbank yn Ljouwert docht tongersdei útspraak yn de saak-Van Seggeren. Tjeerd van Seggeren waard twa jier lyn nei in feest nachts dea fûn yn in greide by De Westereen, hy wie om it libben brocht. It Iepenbier Ministearje (IM) fertinkt de widdo fan Van Seggeren fan it meiplegen fan moard en easke tweintich jier sel. Mar in maklike saak is it neffens alle partijen net; ek net neffens it IM.
© De Vries Media
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sil der tongersdei by wêze yn de rjochtseal. De eask en de oanklacht jouwe al oan hoe kompleks de saak is. It giet nammentlik oer 'it meiplegen fan moard'. Dat wiist op de meardere belutsenen. Dochs is der mar ien fertochte. Hoe sit dat?
"It Iepenbier Ministearje kin net ta in oare konklúzje komme as dat frou Van Seggeren it net allinnich dien hat. Wa't no dy oare fertochte is, dat bliuwt de fraach", leit Zeldenrust út.

Oanjeier

"Dúdlik is neffens it IM wol dat frou Van Seggeren de oanjeier west hat en dat sy alles fasilitearre hat foar de mei-fertochten om Van Seggeren om it libben te bringen. Yn dy sin wurdt sy fertocht fan it meiplegen fan moard. En dêrom is de eask ek sa heech: 20 jier."
© A. Zuurveen
It Iepenbier Ministearje tinkt dochs genôch bewiis te hawwen. "It wichtichste bewiis binne ferklearringen fan tsjûgen." Gjinien hat sjoen wat der krekt bard is, mar der binne wol minsken dy't sjoen hawwe dat der twa minsken yn 'hoodies' omrûnen en der binne minsken dy't de auto fan de fertochte op it plak dêr't it lichem fûn is, sjoen hawwe. "Mei dat alles by elkoar komt it Iepenbier Ministearje ta bewiis."

Selde feiten, oare fisy

No binne oankleier en ferdigening it fansels faker net mei elkoar iens, mar hjir sjogge je dat, op basis fan deselde feiten, de partijen wol hiel fier út elkoar lizze. De oankleier easket tweintich jier, de advokaat frijspraak. Hoe kinne twa partijen sa fier út elkoar lizze, wylst se nei deselde feiten sjogge?
"Dat hat dermei te krijen dat it giet om in ûntkennende fertochte. En der is gjin 'smoking gun', der is gjin wapen fûn. It spikerhurde bewiis is der net. Dan seit in advokaat dat je ien net feroardiele kinne. Dochs seit it Iepenbier Ministearje dat der wol genôch bewiis is."

Wettich en oertsjûgjend bewiis

"It is spannend wat tongersdei de útspraak wurde sil. Do kinst net sizze dat ien mar in bytsje skuldich is. Der moat wettich en oertsjûgjend bewiis wêze. Ik bin dochs benijd hoe't dat tongersdeitemiddei yn it fonnis ûnderboud wurdt."
De útspraak sil fan 12.00 oere ôf live te folgjen wêze yn ús liveblog.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak