Soarchplan Ljouwert nei soad diskusje lang om let troch de ried

11 jul 2019 - 08:39

Mei in rige oanpassings is it nije soarchplan foar de gemeente Ljouwert oannaam troch de gemeenteried. 11 riedsleden stimden tsjin, 28 foar. It nije plan moat derfoar soargje dat der oer in pear jier 3,6 miljoen euro besunige wurdt op de soarch yn Ljouwert. It giet dan om de saneamde Wmo, de Wet maatschappelijke ondersteuning.

Foto: Omrop Fryslân

Der is lang praat oer de nije ynrjochting fan de soarch yn Ljouwert. Yn desimber sneuvele ferantwurdlik wethâlder Herwil van Gelder hast doe't it him net slagge de ried te oertsjûgjen. Hy krige in lêste kâns om yn oparbeidzjen mei tal fan soarchorganisaasjes in nij plan te meitsjen. Mar ek dat soarge wer foar in soad diskusje. De soarchoanbieders fine it noch lang net konkreet genôch en binne benaud foar de konsekwinsjes foar har kliïnten.

Wethâlder Van Gelder seit dy soargen goed te begripen: "Die heb ik zelf ook. Ik ga aan de slag met de aanbieders om alles nu goed uit te werken. De basis van het plan wordt door iedereen onderschreven. Nu moeten we vertrouwen hebben om verder samen te werken."

Strangere regels

Yn de gemeenteried sels libje ek noch in soad twivels. De PvdA, de grutste partij, kaam mei tal fan wizigings. It giet dan ûnder oare om strangere regels by oanbesteging fan soarch. Fraksjefoarsitter Lutz Jacobi: "De burokrasy giet derút en der komt mear maatwurk. De minske wurdt dus wer belangriker as it stelsel. Dat moatte minsken fernimme."

Jacobi sjocht ek de pinepunten, bygelyks de ynset fan frijwilligers yn de doarpshûzen en wyksintra: "Dy ûnrêst is der. Der komt dan ek in proef om te sjen oft it wurket. It doel is yn alle gefallen dat de foarsjenning dêr leechdrompeliger fan wurdt."

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com

De measte opposysjepartijen wiene kritysk. Selo Boxman fan Lijst 058 wol it leafst dat it plan útsteld wurdt oant de proef mei dy doarps- en wyksintra west hat. Se krige der gjin mearderheid foar.

De VVD wie ek dúdlik. De partij is tsjin it folsleine plan. Marcel Visser: "Wij maken ons nog steeds zorgen over de inzet van vrijwilligers. Wij vinden dat de eerste opvang van iemand die zorg nodig heeft bij een professional moet zijn. Wat mij opvalt na vanavond is dat er aan alle kanten veel vragen zijn over deze inzet en dat iedereen een ander antwoord heeft. Mijn zorgen zijn niet weggenomen."

"Liefdevolle suggestie"

De ChristenUnie stimde ek tsjin. Neffens Carlijn Niesink wurdt it tiid dat der binnen it kolleezje fan boargemaster en wethâlders nochris goed sjoen wurdt nei de ferdieling fan de taken. Neffens har is Van Gelder net de goede persoan om mei dit dossier oan de slach te gean. Se kaam net mei in moasje fan wantrouwen. Niesink: "We doen een liefdevolle suggestie. We laten het aan de wethouders wat ze daar dan mee gaan doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)