Reder MSC set noch gjin faasje efter útbeteljen skeaclaims

11 jul 2019 - 07:30

Reder MSC makke ein juny bekend fuortendaliks 3,35 miljoen euro oer te meitsjen oan organisaasjes dy't claime skea te hawwen fan de kontenerramp mei MSC Zoe. No docht lykwols bliken dat de reder noch mar in skyntsje fan dat bedrach útkeard hat.

Reder MSC set noch gjin feart efter útbeteljen skeaclaims

Rykswettersteat sette yn maart in skealoket op foar minsken dy't dupearre binne troch de ramp mei kontenerskip MSC Zoe. De ynstelling bea oan it proses fan skea-ôfhanneling foar publike partijen te koördinearjen. Oerheidspartijen en terreinbehearende natuerorganisaasjes kinne by dit loket harren skeaclaim by MSC yntsjinje. Yn totaal hawwe 26 partijen harren meld by Rykswettersteat om gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan it skealoket.

600.000 euro útkeard

Fan dy 3,35 miljoen euro hat reder MSC om 26 juny hinne noch mar 600.000 euro oermakke. Dat meldt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Neffens MSC giet it om in earste betelling, wêrby't earder oergien is ta in fergoeding fan claims dêr't by MSC gjin fragen oer wiene.

Oer skeaclaims dêr't MSC noch wol oanfoljende fragen by hat, sil letter in beslút naam wurde. Dizze fragen binne op 2 july troch MSC by it skealoket fan Rykswettersteat oanlevere. Rykswettersteat is foar it beäntwurdzjen fan in part fan de fragen ôfhinklik fan ynformaasje fan de claimende partijen.

Foto: Kustwacht Nederland

Noch net alle yndividuele partijen dy't in claim yntsjinne hawwe, hawwe no al in fergoeding ûntfongen. De 600.000 dy't MSC al wol útkeard hat, kin globaal as folget ûnderferdield wurde. Ungefear 400.000 euro giet nei de Steat, foar de ynset fan de Kustwacht en Rykswettersteat. Sa'n 200.000 giet nei oare partijen. Fan dat lêste bedrach is likernôch 100.000 euro spesifyk bestimd foar de eilângemeenten.

Yn totaal wurdt der dus 3,35 miljoen euro claimd. De fiif eilângemeenten claimden 280.000 euro, it ryk 2,65 miljoen euro.

Stap yn de goede rjochting

De earste betelling fan MSC kin sjoen wurde as in stap yn de goede rjochting, mar neffens Van Nieuwenhuizen giet it noch hieltyd om in relatyf lyts part fan it totale skeabedrach. Se hammeret noch altyd op in rappe ôfhanneling fan de skea en giet derfan út dat de rest fan de skeaclaims yn oanmerking komme sille foar fergoeding troch MSC. De minister driget lykwols opnij mei juridyske stappen as de reder de skeaclaims net gau útbetelje sil.

Foto: Haveriekommando
(Advertinsje)
(Advertinsje)