Fryslân hat 68 lytse gasfjilden; hast helte dêrfan is yn produksje

11 jul 2019 - 08:00

Lytse gasfjilden yn ús provinsje wurde folle flugger leech helle as de bedoeling wie. Dat docht bliken út ûndersyk fan de regionale omroppen yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. It hegere gaswinningstempo giet yn tsjin de belofte fan minister Wiebes dat de lytse gasfjilden net brûkt wurde sille om de weromrinnende gaswinning yn Slochteren te kompensearjen.

Fryslân telt mar leafst 68 fan dy lytse gasfjilden. Hast de helte dêrfan is op dit stuit yn produksje. En op ferskate plakken binne der plannen om de produksje te ferheegjen.

Foto: NLOG.nl

Smellingerlân is mei mar leafst 38 de gemeente mei fierwei de measte fjilden. Op trije plakken rinne dêr oanfragen foar it op 'e nij iepenjen fan in fjild of útwreiding fan de produksje bygelyks troch fanút in âlde put in nije oan te boarjen.

Dit jildt bygelyks foar it buorskip Middelbuorren ûnder de nije wyk de Peinder Mieden. In soad ynwenners fan de gemeente binne benaud foar de gefolgen. Fia de wurkgroep tsjin nije gaswinning yn Smellingerlân is ferset oantekene. Neffens Oebele Veenstra fan de wurkgroep moat it út wêze mei nije gaswinning op lân. De gefaren sa as ierdbevings en fersmoarging binne te grut.

Gemeenten machtleas

It foech oer besteande fergunnings of it útdielen fan nije falt ûnder it Ryk. Yn Smellingerlân is njonken in mearderheid fan de befolking ek de folsleine polityk tsjin gaswinning. Mar gemeenten stean frij machtleas. Sy kinne allinnich advys jaan. Wethâlder Piet de Ruiter fan Smellingerlân is dêr teloarsteld oer, mar sjocht ek dat syn hannen bûn binne. Ferset fan de befolking hat nei syn gedachte de measte kâns. Op oare plakken yn it lân hat dat suksesfol west.

Gearwurking ferset

Yn Nij Beets waard twa jier lyn fanwege plannen foar in nije boarring de aksjegroep Tsjingas oprjochte. Hieltyd mear fersetsgroepen slute harren dêrby oan. Yn de beloftes fan Wiebes hat de groep gjin inkeld fertrouwen, seit Monique Plantina, foarsitter fan de groep. Sy sjocht allinnich mar plannen foar útwreiding.

Hoewol't der wetlik net folle tsjin de gaswinning te dwaan falt leauwe de belutsenen wol dat it foarmjen fan ien front fertuten dwaan kin. Ek de aksjegroep yn Smellingerlân hat him by Tsjingas oansletten. Neffens Veenstra is dat folle better as allinnich de striid oan gean.

Alternativen

De aksjefierders begripe dat der de kommende desennia noch flink wat gas nedich is. Mar de oplossing dêrfoar mei noait nije gaswinning wêze fine se. Alternativen sa as gas winne út de Noardsee of folle mear ynvestearje yn alternative enerzjyboarnen sjogge se mear sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)