Lytse gasfjilden yn Noard-Nederlân wurde earder leechhelle

11 jul 2019 - 07:00

It tempo by de winning fan gas út de lytse fjilden yn Noardeast-Nederlând wurdt stevich opfierd. Dat bart ûnder mear troch fia besteande gasputten nije fjilden aan te boarjen. Ek wurde lytse fjilden earder leechhelle.

Dat docht bliken út ûndersyk fan RTV Drenthe, RTV Oost, RTV Noord en Omrop Fryslân. De omroppen namen winningsplannen fan fyftjin lytse fjilden yn it Noardeasten fan it lân ûnder de loep.

Dêr komt in fêst patroan út. Sa giet it yn de measte gefallen om it winnen fan mear gas as dêr't by eardere fergunningen sprake fan wie. Ek wurde by meardere lokaasjes de winperioades ynkoarte en sa wurdt it tempo opfierd. Alde putten wurde nei jierren wer yn gebrûk nommen.

Ekstra risiko's

Foar âld NAM-medewerker en enerzjysaakkundige Gerrit Wigger is it dúdlik: der wurdt flink gas jûn. Dat bringt neffens him ekstra risiko's mei him mei.

"Het opvoeren van de productiesnelheid leidt tot grotere risico's op het gebied van bodemdaling en tot milieuschade. Ook kan het meer seismische activiteit in de bodem tot gevolg hebben. Dat moeten we niet willen."

De minister zegt dat er wordt afgebouwd, maar dat komt niet overeen met de werkelijkheid.

Monique Plantinga fan Tsjingas

Foarsitter Monique Plantinga fan de aksjegroep Tsjingas is derfan oertsjûge dat it fizier him fan Grins nei de lytse fjilden ferpleatst. "Oude putten worden afgestoft en er worden over steeds grotere afstand boringen gedaan vanuit bestaande putten."

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat kundige lêsten oan dat de Grinzer gaskraan earder tichtdraaid wurdt. Earder liet er al witte dat ek de winning fan gas út de lytse fjilden stadichoan ôfboud wurdt.

Plantinga hat dêr sa har gedachten oer: "De minister zegt dat er wordt afgebouwd, maar dat komt niet overeen met de werkelijkheid."

Mear advizen by Staatstoezicht op de Mijnen

Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) seach yn twa jier tiid it tal frege advizen oer lytse fjilden rap tanimmen. It groeide fan fiif nei no om de tritich yn it jier hinne.

Haad ûndergrûn Wouter van der Zee hat dêr dizze ferklearring foar: "Wij zijn als toezichthouder scherper geworden. Daardoor zijn gasconcerns actiever geworden met het up-to-date houden van winningsplannen. Met meer inspraakprocedures tot gevolg. Dat geeft de indruk dat er veel meer wordt gewonnen, maar dat is slechts bij een paar velden het geval."

De stichting Gas Drenthe, Overijssel en Friesland (GasDrOvF) makket him soargen oer de gasfjilden dy't ûnder it grûngebiet fan dizze trije provinsjes lizze. Jeanette van der Velde fan dy organisaasje seit him 'oerfallen' te fielen troch it hege tempo. "Ze hebben haast, dat is wel duidelijk."

De lytse gasfjilden wurde nei it fierder tichtdraaien fan de Grinzer gaskraan belangriker as oait. Ymport fan Russysk gas is djoer en net echt miljeufreonlik. De lytse gasfjilden steane no al op it punt om foar it earst sûnt hiel lange tiid mear op te leverjen as it grutte Grinzer gasfjild.

Sa lang't it nedich is

Wat gasminister Wiebes oanbelanget wurdt út de lytse fjilden wûn 'sa lang't dat nedich is' en 'allinne wêr't it feilich kin'. Wol is besletten dat der gjin nije opspoaringsfergunningen jûn wurde. Mei as gefolch dat de lytse fjilden - as it heal kin oant de lêste drip leechhelle wurde, sa docht bliken út in soad winningsplannen fan likegoed de NAM as it Kanadeeske Vermilion.

NAM-wurdfierder Hein Dek seit it sa: "De NAM heeft zich altijd ingespannen om de gasvelden die ons ter beschikking staan zo snel en goed mogelijk te ontwikkelen. Dat verandert niet met de afbouw van Groningen."

Yn de fjouwer Noardeastlike provinsjes lizze 147 lytse fjilden op it lân; út 71 wurdt op dit stuit gas wûn (sifers fan begjin july 2019).

Yn Fryslân lizze op it lân 68 lytse fjilden; 31 binne yn produksje.

Yn Grinslân lizze 33 lytse gasfjilden; 19 binne yn produksje.

Yn Drinte lizze 30 lytse fjilden; 14 binne yn produksje.

Yn Oerisel lizze 16 lytse fjilden; 7 binne yn produksje.

Trefwurden: 
gaswinning
(advertinsje)
(advertinsje)