Samen Terschelling makket him drok oer drankmisbrûk jonge toeristen

10 jul 2019 - 22:23

It drankmisbrûk ûnder jonge toeristen op Skylge rint de spuigatten út. Dat fynt de lokale politike partij Samen op Skylge. Helpferlieners op it eilân hawwe de needklok let, sa docht bliken út in brief fan ambulânsesoarch UMCG. It brief waard ferline jier al nei de gemeenteried stjoerd. It is no wer simmer en de partij Samen fynt dat de gemeente en de campings mear tsjin it probleem dwaan moatte.

It brief is woansdei nei bûten brocht troch Samen. De partij fynt dat nei de oprop fan de helpferlieners net genôch dien is troch de gemeente, dy't it brief ek net yn de iepenbierheid hawwe woe. Dêr is foar keazen om konstruktyf ta in oplossing te kommen mei alle partijen. Dat wie neffens de gemeente wichtiger as iepenbierheid.

De partij Samen wie dêr earder akkoart mei, mar fynt no dat der yn it jier tiid te min bard is. It brief sketst in byld fan jongeren dy't yn koarte tiid in protte sterke drank ynnimme en dêrtroch in agressive hâlding hawwe nei ambulânsepersoniel. Ek reitsje hieltyd mear jongeren út de tiid troch it drankmisbrûk.

Gossen Bos fan de partij Samen hat it brief nei bûten brocht

Foto: Omrop Fryslân

Geert van Dieren fan camping Appelhof

(advertinsje)
(advertinsje)