Hurdfytser Marten Kooistra (21) nei EK: "Ik bin yn foarm"

10 jul 2019 - 22:01

Hy is miskien wol de nije Pieter Weening: hurdfytstalint Marten Kooistra fan Jonkerslân (21) waard woansdei selektearre foar it Europeesk kampioenskip yn it team ûnder de 23 jier. It EK wurdt fan 7 oant en mei 11 augustus hâlden yn Alkmaar. Wat ferwachtet de jonge Fryske hurdfytser derfan?

Marten Kooistra - Foto: www.orange-pictures.nl

Op de fraach oft it foar him as in ferrassing kaam dat er de seleksje fan it Nederlânske team helle hat, fertelde Marten dat it eins altyd ôfwachtsjen is oftst selektearre wurdst. "Mominteel sit ik wol by de betteren fan Nederlân, dus it wie in moaie útdaging."

Tarieding

Hy fielt dat er yn foarm is, mar sil him op de rûte nei it EK noch wol tariede: "Ik bin yn foarm en ik hoopje dy line ek troch te lûken. Begjin augustus is it EK, dus dat duorret noch in lytse moanne. Ik bin benijd hoe't de foarm dan is. Ynkoarten sil ik nei Italië op hichtestaazje en dêrnei ryd ik noch wat koersen fan mear dagen."

It moaiste fyn ik de foarjiersklassikers mei min waar en swiere parkoersen.

Marten Kooistra

Kwa type hurdfytser is Kooistra mear in allrounder: hy kin oeral wol wat fan. "It moaiste fyn ik de foarjiersklassikers mei min waar, swiere parkoersen en net al te folle klimme. Dat binne myn dingen om te dwaan."

Kânsen op it EK

"It is in reedlik maklik parkoers. As der wat wyn stiet, bin ik yn myn foardiel. Oars kin it bêst in saaie wedstriid wurde dy't útdraait op in sprint," fertelt er. "Ik bin net de rapste, mar ek net de stadichste. As it min waar is, soe ik tefreden wêze mei in top 5-plak. Dat sit der wol yn."

Hurdfytser Marten Kooistra yn Weistra op wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)