PvdA: 'Gaswinning yn en by Waad? Ast sjochst nei Grinslân, net mei trochgean'

10 jul 2019 - 21:44

De gaswinning yn en om de Waadsee soe hielendal ophâlde moatte, salang't net dúdlik is wat de gefolgen binne fan de gaswinning yn Grinslân. Dat fynt de Fryske fraksje fan de Partij van de Arbeid.

Gaswinning by Peazens-Moddergat oan de Waadsee - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Neffens steatelid Marijke Roskam mei der gjin inkeld risiko naam wurde, omdat it giet om in tige kwetsber natuergebiet. "It tal fûgels rint tebek. Unesco freget wêr't se yn it Waadgebiet mei dwaande binne. De Waadferiening mei fjirtich klups hat ek sein: dit kin sa net. Dan moatte jo as Provinsjale Steaten de poat ek stiif hâlde."

'Fersâlting'

Yn it Waadgebiet spilet de 'fersâlting' ek in rol, seit Roskam. "Boppedat hat de auditkommisje dy't ynsteld is troch Den Haag sein dat de populaasje fan de kanoet en de klút tebekrint. Dus dan giet it gewoan net goed mei 'de huzen fan de fûgels', en dat is it Waadgebiet." De monitoring fan it sakjen fan de grûn wurdt alle jierren kontrolearre troch de 'Auditcommissie voor gaswinning onder de Waddenzee'.

De provinsje giet net oer de gaswinning, mar wol wol in sinjaal ôfjaan dat se belutsen binne by omjouwingsprosessen, fertelt Roskam. Yn Den Haag is ek hieltyd minder politike stipe foar de gaswinning. "As jo sjogge wat de gaswinning yn Grinslân feroarsake hat, dan kinne jo net mei drûge eagen sizze: wy gean hjir mei troch."

Eachkleppen

Roskam hat net echt it idee dat minister Wiebes begrypt wat der allegearre spilet "Ik fyn dat dy man eachkleppen op hat en net harket nei sinjalen. Dan moatte jo as provinsje in statement jaan, sa fan: wy gean hjir net mei akkoart. Wy binne grutsk op it Waadgebiet en wy wolle dat behâlde."

"Advys leit der al: net mear gaswinne"

Dus moat de provinsje stelling nimme, omdat der yn oktober eventueel in beslút komt oer de gaswinning by Ternaard? Roskam: "Yn it omjouwingsproses yn Ternaard, en ek yn oare prosessen, wurdt in advys jûn oan Den Haag. Mar dat advys leit der eins al. Ast sjochst nei de útkomsten fan de auditkommisje en nei it draachflak, ast harkest nei Unesco en nei boargers dy't harren soargen meitsje en nei eksperts, dan leit der eins al in advys."

PvdA-steatelid Marijke Roskaam

Trefwurden: 
gaswinning PvdA
(advertinsje)
(advertinsje)