Mooglike oplossing foar pleach ikeprosesjerûp: fûgels ynsette

10 jul 2019 - 20:18

Yn gebieten mei in soad fûgels binne minder ikeprosesjerûpen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it kennissintrum foar ikeprosesjerûpen en de universiteit yn Wageningen, dat dien is yn Drinte.

Foto: Storaensoskog.se Creative Commons

Undersikers hawwe yn Wapserveen yn 64 beammen fûgelhúskes ophongen. Dêr yn de buert sieten 127 nêsten fan de ikeprosesjerûp. Mar yn in fergelykber gebiet sûnder fûgelhúskes sieten 356 nêsten, mear as twa kear safolle dus. Ek wiene de nêsten dêr folle grutter. De konklúzje is dat it ophingjen fan fûgelhúskes helpe kin om in part fan it probleem mei de ikeprosesjerûp op te lossen.

(advertinsje)