Hoe giet it mei de nije ierappelrassen? Kweker makket tuskenbalâns op

10 jul 2019 - 18:15

Ierappelkwekers yn Easterbierrum binne al jierren oan de gong mei it ûntwikkeljen fan nije rassen. Woansdeitejûn sille se dêr de ierappels út de grûn helje, om te sjen hokker ras oft it bêste groeid is.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Jûn gean wy los mei in groep fan maksimaal 25 man it lân yn om de ierappels te dollen, fertelt behearder Freerk Zwart fan it proeffjild by Easterbierrum fan de Frysk-Grinslanner kwekersferiening (FG-AKV). Yn it proeffjild stean tritich nije rassen en fiif standertrassen. Dat is nedich om de kweek ferlykje te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei ierappelkweker Freerk Zwart

Neidat de ierappels dold binne wurde se op opbringst en kwaliteit hifke. Yn septimber wurdt dat nochris dien. Doel is nije rassen te kweken dy't in goede opbringst hawwe, dy't resistint binne en dy't op den doer ek wat smaak hawwe, seit Zwart. Sykten lykas ierappelwurgens en fytoftera moatte safolle mooglik foarkaam wurde mei sa min mooglik gemyske middels.

Nije rassen moatte altyd better wêze as de standertrassen, mar dat slagget net altyd. En it aparte is dat ierappels altyd de foarm oannimme wolle fan de kluten yn it lân.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei ierappelboer Andries Hoogterp op It Bilt

(advertinsje)