Bé de Winter: Wetterskip Fryslân ûntkomt net oan 'pynlike besluten'

10 jul 2019 - 17:18

Wetterskip Fryslân sil pynlike besluten nimme moatte om út de reade sifers te kommen. Dat seit deistich bestjoerder Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân. De Winter makke tiisdeitejûn bekend dat it tekoart by it Wetterskip dit jier oprint oant op syn minst 9 miljoen euro. It wetterskipsbestjoer wol yngripe troch de wetterskipsbelesting te ferheegjen, mar ek troch guon ynvestearrings út te stellen.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

It hege tekoart wie ek foar it nije wetterskipsbestjoer sels in ferrassing, want der waard rekken hâlden mei in ferlies fan 5,8 miljoen euro. Troch ferskate ôffallers yn de earste moannen fan dit jier is dat tekoart lykwols al oprûn oant 9 miljoen euro en it kin sels noch heger wurde. Omdat it wetterskip yn 2018 ek al miljoenen ferlies makke, giet de organisaasje sa wol hiel hurd troch de finansjele reserves hinne.

Serieus mei oan de gong

Ferskate algemiene bestjoersleden hawwe it deistich bestjoer dêrom frege om gau maatregels te nimmen, mar Bé de Winter sjocht dêr net earder kâns ta as de kommende hjerst. "Wy sille alle útjeften kritysk besjen, mei as ynset de presintaasje fan in slutende mearjierrebegrutting yn desimber. Ik lis net wekker fan de problemen, mar we moatte der wol hiel serieus mei oan de gong."

Finansjeel kwetsber

De ôfrûne maaitiid konkludearre formateur Sjoerd Galema fan it nije wetterskip al dat de organisaasje 'finansjeel kwetsber' is. Wetterskip Fryslân moat de broek ophâlde mei bydragen fan de ynwenners en krijt, yn tsjinstelling fan gemeentes, gjin útkearing fan it Ryk.

Dêr komt by dat Fryslân in hiel soad wetter en diken hat en dat der grutte opjeftes op Wetterskip Fryslân ôfkomme lykas de dykfersterking tusken Koehoal en Eanjum en in bydrage oan de klimaatopjefte. Koehoal-Eanjum kostet allinnich al 300 miljoen euro. Wetterskip Fryslân moat dêr sels tsien persint oan bydrage.

Pittige útdaging

De finansjele perikelen binne in pittige útdaging foar it nije wetterskipsbestjoer. Dat deistich bestjoer fan CDA, VVD, ChristenUnie, Lagere Lasten Burger, boeren en bedriuwen hat mar in hiel lytse mearderheid yn it algemien bestjoer en eaget dêrtroch ek wer kwetsberder as in trochsneed wetterskipsbestjoer. Dat deistich bestjoer sit noch yn de ynwurkperioade, mar moat dus fol oan de bak om de finansjele swierrichheden de baas te wurden.

Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân oer de jildpine

(Advertinsje)
(Advertinsje)