Staatsbosbeheer set biologyleararen yn it sintsje mei fergeze foarstelling Mammoet

10 jul 2019 - 16:57

Sa'n twahûndert biologyleararen út Fryslân en Drinte binne troch Staatsbosbeheer útnûge om 29 augustus de foarstelling Mammoet by te wenjen, in muzykteäterspektakel yn Buinerveld yn Drinte.

Foto: Omrop Fryslân

"Dizze biologyleararen liede de kommende generaasjes op en dy wolle we yn it sintsje sette", fertelt Annelies van der Goot fan Staatsbosbeheer.

Staatsbosbeheer bestiet 120 jier en mei de foarstelling hoopje se dat de dosinten har ek ynspirearje litte foar in nij skoaljier. "We wolle sjen litte dat we it wurk fan de dosinten wurdearje om't se leafde foar de natuer oerbringe op de learlingen."

It stik Mammoet spilet yn Noard-Nederlân op de Drintske Hondsrug, 45.000 jier lyn. "It stelt fundamintele fragen oer it libben. Hoe binne we as minsken bedoeld, libje we noch sa as doe? Doe wienen der Neandertalers en dy libben yn en mei de natuer. Mar der sit ek in ferbining mei it no yn. We komme yn de kunde mei in spiritueel genoatskip dat ûnder lieding fan in goeroe op syk sil nei de de oerminske yn harsels. Dus it giet deroer hoe't we mei natuer omgeane, is it net inkeld nimme, mar hawwe we ek noch wat te jaan?"

It stik spilet midden yn de natuer. "It is suver mystyk, flakby de hunebêden.

Annelies van der Goot

Biologylearen kinne har oanmelde, foar kommende moandei, op: mammoet@staatsbosbeheer.nl.

De foarstelling Mammoet is fan de makkers fan Het Pauperparadijs, it suksesfolle teäterstik oer de Koloniën van Weldadigheid yn Veenhuizen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)