Provinsje hellet tydlik ferbod fan geitehâlderij

10 jul 2019 - 16:43

Der komt gjin ferbod op de festiging fan nije of útwreiding fan besteande geitehâlderijen yn Fryslân. In mearderheid fan Provinsjale Steaten is dêrop tsjin. Dat die woansdei bliken yn de steategearkomste.

Foto: ANP

CDA, VVD, Christen Unie, Forum voor Democratie en PVV fine net dat de sektor fan geitehâlders 'op slot' set wurde kin, sûnder dat hûndert prosint fêststiet dat it skealik is foar de sûnens fan minsken dy't yn de buert wenje fan sa'n geitehâlderij.

Cees Riezebos fan de PVV. Syn partij stimde tsjin de ferlinging fan it ferbod

Op 14 febrewaris fan dit jier kundige deputearre Johannes Kramer in ferbod ôf op festiging fan nije en útwreidzjen fan besteande geitehâlderijen, omdat minsken mooglik in longûntstekking krije kinne as se tichtby in geitehâlderij wenje. Dat ferbod jildt foar in heal jier en rint yn augustus ôf. Omdat it RIVM ek mei in ûndersyk dwaande is en yn 2020 mei útslaggen komt, hie Kramer graach it ferbod mei in jier ferlingje wollen. Hy krige stipe fan de PvdA, FNP, D66, SP, GroenLinks en de Partij voor de Dieren, mar dat wie net genôch.

Fryslân is iennige provinsje dy't stop opheft

Fryslân is no de iennige provinsje dy't de 'stop' op geitehâlderijen opheft hat. Opmerklik yn it stimgedrach yn Provinsjale Steaten is dat kolleezjepartijen CDA en VVD harren tsjin it eigen kolleezje kearden.

Dochs net útwreidzje fanwege nije stikstofregeling

Deputearre Johannes Kramer seit yn in reaksje dat geitehâlderijen yn Fryslân, nettsjinsteande it opheffen fan de 'stop', dochs net útwreidzje meie. Troch de útspraak fan de Ried fan Steat oer de saneamde PAS (Programma Aanpak Stikstof)-regeling, mei op dit stuit net útwreide wurde yn de buert fan natuergebieten omdat dêr ekstra stikstof by frijkomt.

Deputearre Johannes Kramer

(Advertinsje)
(Advertinsje)