Ljouwerter keunstner Willem Mook ferstoarn

Byldzjend keunstner Willem Mook út Ljouwert is sneon op 65-jierrige leeftiid ferstoarn. Dat hat de Stichting Kunstacademie Friesland bekend makke.
Willem Mook © www.elteha.nl
Willem Mook wurke yn syn begjinjierren op in grut reklameburo yn Rotterdam; letter ferhuze er nei Ljouwert. Hy wie dosint yn Frjentsjer en Harns, mar dêrnjonken makke er ek tekeningen en skilderijen. Hy wist ek in protte fan kompjûters en makke ek kompjûtergraphics.
Mook wie ek tekener fan boekomslaggen en foar it blêd Frysk en Frij. Wurk fan Willem Mook wie te sjen op útstallingen yn Japan, Spanje en Amearika. Resint noch wie wurk fan him te sjen yn galery Paterswolde.